thumb|Dr. J.G. Ottema Fotograaf: Gerharda Matthijssen Jan Gerhardus Ottema (Doetinchem, 1 desimber 1804 - Ljouwert, 19 maart 1879) wie in klassikus mei belangstelling foar Fryslâns ferline.

Ottema wie learaar klassike talen oan it Steds Gymnasium Ljouwert. Hy wie in warber lid fan it Frysk Genoatskip. Hy skreau ûnder oare oer Simon Stijl en joech kroniken út. Bekendheid krige er troch syn pleidoai foar de echtheid fan it Oera Linda Boek dat er sels yn transkripsje útjoech yn 1872; yn 1876 ferskynde in ferbettere printinge.

Fuort nei ferskinen fan Ottema’s edysje fan it Oera Linda-boek ferskynden der ferskate publikaasjes wêryn't de echtheid fan it wurk bestriden waard.Under oaren: J. Beckering Vinckers: De onechtheid van het Oera Linda-Bôk, aangetoond uit de wartaal, waarin het is geschreven. Haarlim, 1876. De kontroverse die út soarte gjin goed oan Ottema syn reputaasje as kenner fan it Fryske erfgoed, en Ottema stoar net lang nei de affêre.

Keppelingen om utens Profyl Ottema yn de dbnl

Kategory:Nederlânsk klassikus Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk klassikus Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1804 Kategory:Persoan stoarn yn 1879