Messerschmitt Me 262 275px Rol Jachtfleanmasine Makker Messerschmitt AG Earste flecht 18 july 1942 Yn tsjinst April 1944 Ut tsjinst 1945 (Dútslân), 1951 (Tsjechoslowakije) Tal makke 1433 (1943–1945) Brûkers Nazi-Dútslân (april 1944-1945) Messerschmitt Me 262 wie de earste operasjonele jachtfleanmasine mei strielmotoaren. It tastel waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Luftwaffe ynset. Meiïnoar binne der 1.433 boud. De Me 262 wie technysk folle better as de fleanmasinen fan de Alliearden, mar it alliearde oerwicht yn 'e loft koe oan 'e ein fan de kriich net mear keard wurde. De Me 262 waard te let yntrodusearre en der wienen te min operasjonele tastellen. Dêrneist wie de masine kwetsber op de grûn foar alliearde bommewerpers. De Me 262 hie in langere startbaan nedich en dy moast boppedat ferhurde wêze. De Luftwaffe makke gebrûk fan spesjale dielen fan de autodyk. By de start en it yn 'e loft gean wie it tastel kwetsber en hie dêrby beskerming nedich fan ferâldere jachtfleanmasines.

Technyske feiten (Messerschmitt Me 262 A-1a) Bemanning: 1 Lingte: 10,60 m. Spanwiidte: 12,60 m. Hichte: 3,50 m. Wjukoerflak: 21,7 Leechgewicht: 4.404 kg Startgewicht: 7.130 kg Motor: 2x Junkers Jumo 109-004 strielmotor, 8,8 kN elk Libbensdoer motor: 20-25 oeren Heechste faasje: 870 km/o op 6.000 meter hichte Stiichfaasje: 20 m/sek. Fleanberik: 1.050 km. Plafond gewoanwei: 11.450 m. Bewapening: 4× 30 mm Mk 108 kanonnen (A-2a: twa kanonnen), 24× 55 mm R4M raketten, 2 × 250 kg (551 lb) bommen of 2 × 500 kg bommen (allinnich by de A-2a)

Sjoch ek Gloster Meteor Heinkel He 162

Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1942