Fryske muntnammen binne nammen fan Fryske munten en nammen fan munten dy't yn Fryslân brûkt waarden. Yn de literatuer en bytiden yn de folkmûle komme Fryske muntnammen foar. Yn folchoarder fan wearde:
skeisen = ⅝ sint oartsen = 1¼ sint botsen = ½ stoer = 4 skeisen = 2½ sint stoer = 5 sinten dûbelstoer = 2 stuorren = 10 sinten stoater, 2½ stuorren = 12½ sint kwartsje = 2 stoaters = 5 stuorren = 25 sinten sechsteheal of seisdeheal = 12 botsens = 27½ sinten skelling = 6 stuorren = 30 sinten gûne = 20 stuorren = 10 dûbeltsjes = 100 sinten achtentweintich = goudgûne = 28 stuorren = ƒ 1,40 daalder = ƒ 1,50 kroan = ƒ 2,- ryksdaalder = ƒ 2,50 dukaton = sulveren rider = ƒ 3,15 dûkaat = ƒ 5,25 heale gouden rider = ƒ 7,- gouden rider = ƒ 14,-
In âld rymke giet fan: Twa skeisen is in oartsen, twa oartsen is in botsen, twa botsens is in stoer, wa't dat net wit dy hâldt neat oer.
Kategory:Jild Muntnammen