thumb|Heere Oosterbaan Heere Oosterbaan (Harns, 3 jannewaris 1736 - dêre, 18 septimber 1807) wie in bekend doopsgesinde predikant.

Hy wie in soan fan keapman Evert Oosterbaan en Grietje Simons Stinstra. As jonge fan acht krige er readfonk en waard dôf. Yn 't earstoan krige er les fan syn omkes Johannes en Goaitsen Stinstra (respektyflik predikant en dokter); letter gie er nei de Latynske skoalle en it Athenaeum yn Frjentsjer. Fan 1757 oant 1759 studearre er oan it Doopsgesind Seminarium by professor Tsjerk Nieuwenhuis, dat wie nei't er promovearre wie yn de teology yn 1757. Biografy by Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online

Hy stie yn 1760/61 yn Makkum, wie heechlearaar, de opfolger fan Nieuwenhuis, oan de doopsgesinde kweekskoalle yn Amsterdam fan 1761 oant 1786 en wer predikant yn Harns fan 1786 oant syn dea.

Yn 1795 waard er keazen as lid foar de Nationale Vergadering Ik heb het groote doel mijner Aardsche bestemming bereikt. Marten Martens,Sibrand P. Martens. Side 99.

Keppeling om utens Lykrede Oosterbaan

Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1736 Kategory:Persoan stoarn yn 1807