Kastiel Bronkhorst wie in kastiel yn 'e gemeente Bronckhorst, westlik lizzend fan it sintrum fan Bronkhorst, yn 'e provinsje Gelderlân. Dat kastiel waard nei gedachten oanlein yn 'e tsiende iuw en sloopt omtrint 1828.
Skiednis Kastiel Bronkhorst wie it stamslot fan 'e Hearen fan Bronckhorst en wie ien fan 'e wichtichste kastielen yn 'e Achterhoek. It kastiel lei oan in strategysk plak oan 'e Isel súd fan Sutfen. Fan it kastiel is allinnich de opsmiten slotheuvel by it stedsje Bronkhorst noch oer. De lege slotheuvel waard yn 1962 troch de erven Metelerkamp oerdroegen oan 'e Steat fan 'e Nederlannen en wurdt sûnttiid beheard troch Steatsboskbehear.
Kastiel Bronckhorst Kategory:Kastiel yn Gelderlân Kategory:Bouwurk út de 10e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1828