thumb|right|Oerokse 450px|thumb|Ferspriedingsgebiet fan de trije subgroepen fan de oerokse, nei Cis Van Vuure syn Retracing the Aurochs: History, Morphology & Ecology of an Extinct Wild Ox
De oerokse is in Europeeske wylde ko dy't yn de 17e iuw útstoarn is. De lêste gebieten dêr't er foarkaam wiene Poalen, Litouwen, Wyt-Ruslân, de Oekraïne, Roemeenje en Moldaavje. De lêst bekende oerokse gie dea yn it Jaktorów-wâld yn Poalen, yn 1627.
Yn Nederlân libbe it kobist nei alle gedachten noch foar 500. Neist yn it wyld libjende oeroksen kamen ek domestisearre foar, út krusing mei de koarthoarnko. Ek yn Fryslân binne skeletresten fûn yn terpen, ûnder oare yn Britsum en Ferwert.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Ko (skaai) Kategory:Holoseen Kategory:Pleistoseen Kategory:Bist útstoarn yn 1627 Kategory:Skiednis fan Litouwen Kategory:Skiednis fan Moldaavje Kategory:Skiednis fan de Oekraïne Kategory:Skiednis fan Poalen Kategory:Skiednis fan Roemeenje Kategory:Skiednis fan Wyt-Ruslân