thumb|Jakob Nieweg; portret fan Just Havelaar, 1913

Jacob Nieweg, letter ek Jaap Nieweg (Hegebeintum, 26 maaie 1877 - Amersfoart, 4 augustus 1955) wie in dûmny dy't nei 1914 keunstskilder waard.

As âldste fan fjouwer bern folge hy earst de famyljetradysje en waard dûmny. Mei op oanrieden fan de bekende keunstpedagooch H.P. Bremmer út Grins wijde er him hielendal oan de keunst. Om 1914 jout Nieweg it predikantwêzen yn Winsum en letter Bellingweer oer.

It sfearfolle realisme fan syn skilderijen is in utering fan de weromkommend omtinken foar de waarnimbere wurklikheid dy't yn de twadde helte fan de jierren ’20 yn de Nederlânske byldzjende keunst opkaam. Underwerpen binne lânskippen, stillibbens en blommen.

Jacob Nieweg wie lid en oprjochter fan De Brug, bestjoerslid fan it Amersfoorts Kunstenaars Genootschap (AKG) en bestjoerslid fan de Vereniging Vrije Kunstenaars. Elisabeth Catharina Bergsma wie in learlinge fan him.

Literatuer Boer; Jantien de [et al.] Het wonder van de werkelijkheid: Jakob Nieweg 1877-1955, Grins, 2007 Heij, Jan Jaap Vernieuwing & bezinning: Nederlandse beeldende kunst en kunstnijverheid ca. 1885-1935, Swol/Assen, 2004 Linde-Beins, Renske van der [et al.] Jakob Nieweg: in stille bewondering, Museum Flehite, Amersfoart, 2001 Nieweg, Jakob Frederick William Robertson, proefskrift Grins, 1905

Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Hegebeintum Kategory:Persoan berne yn 1877 Kategory:Persoan stoarn yn 1955