Northampton is in stêd en distrikt yn it Ingelske greefskip Northamptonshire, yn de East Midlands fan Ingelân. It plak leit oan de rivier de Nene, sa'n 108 km noardwestlik fan London en 80 km besúdeasten Birmingham. Dizze county town hie 194.458 ynwenners yn 2001 en 219.495 yn 2014. De oerflakte bedraacht 80,8 km². As distrikt waard Northampton yn 1901 oprjochte.
Fan de befolking is 13,6% âlder as 65 jier. De wurkleasheid is 3,1% fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).
Berne yn Northhampton Anne Bradstreet (1612–1672), earste Ingelsktalige dichteresse waans wurk publisearre waard.
Kategory:Plak yn Northamptonshire Kategory:Distrikt yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1901