Abraham Kuyper (Maassluis, 29 oktober 1837 – De Haach, 8 novimber 1920) wie in Nederlânsk teolooch, predikant, steatsman en sjoernalist.
Kuyper wie oprjochter fan de earste politike partij yn Nederlân, de ARP, stifter fan de Frije Universiteit en droech by oan de foarming fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en wie fan 1901 oant 1905 earste minister.
Gronologysk oersjoch Jier Barren 1837 29 oktober: Abraham Kuyper wurdt berne yn Maassluis 1855 stúdzje teology en klassike talen oan de Universiteit Leien (promovearre yn de teology yn 1862) 1863 1 july: houlik mei Johanna Hendrika Schaaij 1863 wurdt beroppen as predikant te Beesd (Betuwe) 1867 wurdt predikant te Utert 1870 wurdt predikant te Amsterdam 1872 rjochtet it deiblêd De Standaard op, dêr't er oant 1920 haadredakteur bliuwt 1874 wurdt keazen as lid fan de Twadde Keamer foar de anti-revolúsjonêren 1877 ferlit de Twadde Keamer 1878 spilet in wichtige rol bij het petitsjonnemint tsjin de skoallewet fan Jan Kappeyne van de Coppello en by it stypjen fan it bysûnder ûnderwiis; rjochtet de Vereeniging voor Hooger Onderwijs op Gereformeerden Grondslag op 1879 rjochtet de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP) op 1880 stichtet de Frije Universiteit te Amsterdam 1886 jout lieding oan de beweging dy't him yn de Doleânsje ôfsplisse fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, wat it ûntstean fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (Dolearende) fan gefolgen hie. Dizze fusearre yn 1892 mei de Kristlik Grifformearde Tsjerke ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân 1891 sprekt de iepeningsrede út op it Kristlik Sosjaal Kongres fan it Nederlandsch Werkliedenverbond Patrimonium 1894 Kuyper wurdt op 'en nij yn de Twadde Keamer keazen 1901 nei in ferkiezingsoerwinning fan de katoliken en anti-revolúsjonêren foarmet Kuyper it Kabinet-Kuyper 1903 Kabinet-Kuyper komt fanwegen tsjin de Spoarstakings fan 1903 1905 'rjochts' ferliest de ferkiezingen; Kuyper komt net werom yn de Keamer 1909 yn de lintsjesaffêre docht bliken dat ien, dy't op foarspraak fan Kuyper in ûnderskieding krige hie, yn 1903 jild yn de ARP-partijkas stoart hie. 1920 8 novimber: Kuyper komt te ferstjerren en wurdt beïerdige te De Haach thumb|Spotprint fan Albert Hahn
Kuyper syn húshâlding Kuyper troude op 1 july 1863 mei Johanna Hendrika Schaay (1842-1899). Der waarden acht bern berne, ien stoar yn de bernejierren:
Herman Huber Kuyper (1864-1945), heechlearaar tsjerkerjocht oan de Frije Universiteit, lid synoade fan de Grifformearde Tsjerke Jan Frederik Hendrik Kuyper (1866-1933), toskedokter yn Nederlânsk-Ynje Henriëtte Sophia Suzanna Kuyper (1870-1933), earepresidinte Bond van Meisjesvereenigingen op Gereformeerden Grondslag, haadredaktrise Bouwen en Bewaren (bûnssorgaan) Abraham Kuyper Jr. (1872-1941), grifformeard predikant Johanna Hendrika Kuyper (1875-1948), ferpleechster yn sikehûs fan de grifformearde sindeling-arts J.G. Scheurer te Djokjakarta, haadredaktrise Bouwen en Bewaren (bûnsorgaan) Catharina Maria Eunice Kuyper (1876-1955), ferpleechster Guillaume Kuyper (1878-1941), antirevolúsjonêr boargemaster Levinus Willem Christiaan Kuyper (1882-1892)
Utsein de twadde soan (dy't teosoof waard) hawwe alle bern fan Abraham Kuyper in rol spile yn de pylder fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Wurk De Christus en de sociale nooden en democratische klippen - Amsterdam Het Calvinisme, oorsprong en waarborg van onze constitutionele vrijheden. een Nederlandse gedachte. Amsterdam 1874. Antirevolutionair óók in uw Huisgezin. Amsterdam 1880. Het Sociale Vraagstuk en de Christelijke religie - Rede by de iepening fan it Sosjaal-Kongres op 9 novimber 1891. De gemene gratie Pro Rege Het Calvinisme - Seis lêzingen, de saneamde 'Stone-lezingen', dy't Kuyper yn oktober 1898 te Princeton (Feriene Steaten) hold. Antirevolutionaire Staatkunde ( twa dielen, 1916-1917 ) Bilderdijk in zijn nationale betekenis Onze Eeredienst Geen vergeefs woord - Samle Deputaten-Redevoeringen Vrouwen uit de Heilige Schrift Voor een distel een mirt ( deiboek ) Gomer voor den Sabbath ( deiboek ) Om de oude wereldzee ( twa dielen )
Keppelings om utens Abraham Kuyper, Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, auteur Herman Langeveld Dr. A. Kuyper, biografy op www.parlement.com www.neocalvinisme.nl Eftergrûnen by de spoarstaking fan 1903 VPRO's Andere Tijden oer de Lintsjesaffêre van 1909 Biografy fan Kuyper yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân Historisch Documentatiecentrum voor het Nederlands Protestantisme (beheart it argyf fan Abraham Kuyper) (Inventaris (PDF-formaat))
Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Tsjerkehistoarikus Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Binnenlânske Saken Kategory:Nederlânsk minister fan Steat Kategory:Premier fan Nederlân Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Persoan berne yn 1837 Kategory:Persoan stoarn yn 1920