Johannes Acronius (Grimersum, East-Fryslân, 1565 - Haarlim, 29 septimber 1627) wie in Dútsk Herfoarme teolooch en de broer fan de Fryske teolooch Ruard Acronius. Hy is net sa bekend fan syn wittenskiplik wurk, mar mear troch syn oandiel yn it skeel tusken de Arminianen (Remonstranten) en Kontra-Remonstranten.

Libbensrin Hy wie de soan fan in predikant, Dominicus Acronius, yn in doarp benoarden Emden, dat no yn de gemeente Krummhörn leit. Hy krige ûnderrjocht fan Zacharias Ursinus en Franciscus Junius yn Neustadt an der Hardt, no Neustadt an der Weinstrasse. Yn 1584 waard er predikant yn Eilsum, East Fryslân, letter yn Grins en Wesel (by Kleef). Doe't Wesel yn 1614 fan de Spanjerts ferneatige waard, flechte hy nei Deventer. Hy wiisde it predikantskip yn Deventer ôf omdat er dêr striderij feroarsake. Lebuïnus en Walburgis bijeen: Deventer en Zutphen als historische centra van ... Yn 1617 waard er professor yn de teology oan de Universiteit fan Frjentsjer.

It jier dêrnei waard er beroppen as predikant yn Kampen, foaral om tsjinwicht te bieden oan guon fan syn kollega's yn dy kontrei dy't tefolle de kant fan Armenius' lear útskaaiden. Yn 1618-1619 wie er ôffurdige op de Synoade fan Doardt en beskuldige er harren fan Armenianisme, wat fan gefolgen hie dat guonts harren sit ferlearen.

Yn 1619 gie oan it wurk as predikant yn Haarlim dêr't er oan syn dea ta bleau. De kalvinisten yn dy tiid seagen yn de gelearde en redenrike Acronius in warber foarstrider fan harren wierheid. Syn tsjinstanners beskreaunen him as in wifelriedich man dy't oerhinge nei striidskriuwerij.

Publikaasjes Syntagma Theologiae, Grins, 1605 Elenchus orthodoxus pseudo-relig. Romano-Cathol., Dimter, 1615 Uytmonsteringe van verscheydene dolingen ... der genoemde Lutherschen, Arnhim, 1625

Bibliografy . Het protestantsche vaderland: biographisch woordenboek van protestantsche godgeleerden in Nederland, 8 dln. Utert, 1903-1918: v. I, 19-29; . Mennonitisches Lexikon, 4 dln. Frankfurt & Weierhof: Hege; Karlsruhe; Schneider, 1913-1967: v. I, 12.

Keppeling om utens Acronius by de DBNL

Kategory:Eastfrysk predikant Kategory:Eastfrysk wittenskipper Kategory:Eastfrysk ûnderwizer Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Dútsk predikant Kategory:Dútsk teolooch Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk publisist Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1565 Kategory:Persoan stoarn yn 1627