Jan fan Beaumont, eins Jan fan Henegouwen, hear fan Noardwyk, Beaumont, Gouda en Skoanhoven (Beaumont, 1288 - 11 maart 1356), wie de jongste broer fan greve Willem III fan Hollân. Hy trede op as steedhâlder yn West-Fryslân. Hy late by it mislearre besykjen ta de ferovering fan Westerlauwersk Fryslân fan syn omkesizzer Willem IV fan Hollân de haadmacht fan it ridderleger nei Starum en besette dêr it Sint Oldulphuskleaster. Nei it sneuveljen fan de greve yn 'e Slach by Warns waard er dêr oanfallen en luts er him op 28 septimber 1345 werom oer de Sudersee. Fan in oerwûne soan fan him stammet it aadlike laach Bloys fan Treslong ôf.

Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânske adel Kategory:Waalsk amtner Kategory:Waalske adel Kategory:Súdnederlânsk amtner (foar 1830) Kategory:Súdnederlânske adel (foar 1830) Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Waalsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Waalsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Waalsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf Kategory:Waalsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Súdnederlânsk persoan fan Dútsk komôf (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk persoan fan Skotsk komôf (foar 1830) Kategory:Hûs fan Avesnes Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Starum Kategory:Persoan berne yn 1288 Kategory:Persoan stoarn yn 1356