right|thumb|200px|Replika fan de Mayflower Pilgrim Fathers is de namme foar in kloft Ingelske puriteinen dy't yn 1620 de earste noch hieltyd-troch bewenne koloanje yn it hjoeddeiske territoarium fan de Feriene Steaten is stiften. Hja gongen út Ingelân fuort fanwegen de druk troch de Anglikaanske Tsjerke en ferfarden yn 1608 nei Leien yn Nederlân, dêr't sy frijheid fan leauwe fûnen, mar har frjemden fielden. Yn 1620 foegen tritich fan de leden har by in oare kloft yn Ingelân en setten ôf mei it skip Mayflower út Plymouth wei. Yn desimber stiften sy de koloanje Plymouth yn Massachusetts.

Keppelings om utens Pilgrim Archives, Regionaal Argyf Leiden Webstee oer de First Parish Church yn de Plymouth koloanje Ingelske side oer de Pilgrim Fathers

Kategory:Protestantisme Kategory:Skiednis fan de Feriene Steaten