De Botnyske Golf (Sweedsk: Bottniska viken, Finsk: Pohjanlahti) is it meast noarlike diel fan de Eastsee. De see leit tusken de westkust fan Finlân en de eastkust fan Sweden. Yn it suden fan de golf lizze de autonome, ta Finlân hearrende Ålâneilannen yn de Ålânsee.
De Golf is 725 km lang, 80-240 km breed en hat in trochsneed djipte fan 60 m. De maksimum djipte is 295 m. It oerflak berint 117.000 km². Nijsgjirrich oan de Botnyske Golf is ek dat it sâltgehalte nei it noarden ta hurd ôfnimt. Yn it suden hat de Golf gewoan it brakke wetter fan de Eastsee, mar yn it noarden is het sâltgehalte sa leech dat swietwetterfisk har dêr thús fielt. Dat ferskynsel is ek de reden dat de Golf fiif moanne yn it jier foar it grutste part beferzen is.
Stêden oan de Botnyske Golf Luleå Umeå Härnösand Sundsvall Gävle Pori Vaasa Oulu Kokkola
Kategory:See yn Jeropa Kategory:Eastsee Kategory:Binnensee Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Wetter yn Finlân Kategory:Wetter yn Sweden