Anne van der Mark (Ljouwert, 15 desimber 1921 - Koatstertille, 9 april 1993) wie û.o. postkantoarhâlder yn Koatstertille, mar fral bekend as Frysk komponist en tekstdichter.
Van der Mark skreau ferskes, musikals en kaberetteksten sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Hy skreau teksten foar Henk van der Heide en De Sambrinco's. De Fryske 'toppers' lykas It Dokkumer lokaeltsje (oer de ferdwûne spoarline tusken Dokkum en Ljouwert) en Skûtsjesile (oer it wichtige simmerevenemint yn Fryslân) wienen fan syn hân. Sels wied er ek in goede sjonger.
Keppeling om utens Anne van der Mark op Streektaalzang ANNE VAN DER MARK en de PERS
Kategory:Frysk postrinner Kategory:Frysk komponist Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk tekstskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Koatstertille Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 1993