thumb|Yllustraasje út: Mary Rowlandson. A Narrative of the Captivity, Sufferings and Removes of Mrs. Mary Rowlandson. Boston: Nathaniel Coverly, 1770 Mary (White) Rowlandson (±1637 - 5 jannewaris 1711) wie in Amerikaanske frou út de koloniale tiid, dy't fan de yndianen yn de Kening Filips oarloch finzen naam waard en 11 wiken lang fêsthâlden waard, ear't hja foar in lossom frijkaam. Nei har frijlitten skreau sy in boek oer har ûnderfinings, De Souvereiniteit en Goedens fan God: nammentlik in ferhaal oer de finzenskip en frijlitten fan Mefrou Mary Rowlandson. It boek wie tige populêr. Yn de Amerikaanske literatuer wurdt it boek fan Rowlandson beskôge as it earste saneamde Captivity narrative, in literêr sjenre dat letter fierder útwurke waard troch ûnder oaren James Fenimore Cooper.

Keppelings om utens Works by Mary White Rowlandson by Internet Archive (scande boeken, digitalisearre faksimilees) A Narrative of the Captivity and Restoration of Mrs. Mary Rowlandson, audioboek fan LibriVox Mary White Rowlandson op Women's History, About.com

Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk kriichsfinzene Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1637 Kategory:Persoan stoarn yn 1711