Ayrton Senna Da Silva (São Paulo, 21 maart 1960 - Bologna, 1 maaie 1994) wie in Brazyljaansk Formule 1-autokoereur. Wie wrâldkampioen yn 1988, 1990 en 1991.

Ayrton Senna begûn al mei hurdriden doe't er fjouwer jier wie, yn in kart. Hy stoar nei in fataal ûngelok by de Grutte Priis fan San Marino yn 1994. Ayrton Senna waard beskôge as de bêste autoracer fan syn tiid, fergelykber mei Juan Manuel Fangio yn de jierren fyftich.

Statistiken Aktive jierren: 1984 - 1994 Grand Prix: 161 Pole positions: 65 Oerwinnings: 41 WK punten: 614 fluchste rûnten: 19

Literatuer - Senna, de rechtervoet van God. Baarn: De Fontein, 1994

Keppeling om utens Offisjele webside Ayrton Senna

Kategory:Brazyljaansk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Brazyljaansk ûndernimmer Kategory:Brazyljaansk filantroop Kategory:Brazyljaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is by in sportûngemak Kategory:Persoan berne yn 1960 Kategory:Persoan stoarn yn 1994