thumb|Forensyske postmortem rekonstruksje fan Bering oan de hân fan syn oerbliuwsels fûn yn 1991. Vitus Jonassen Bering (Horsens (Jutlân), augustus 1681 – Awatsja (Beringeilân), 8 desimber 1741) wie in Deenske ûntdekkingsreizger, dy't yn Russyske tsjinst de Beringstrjitte en Alaska ûntduts.
Bering waard berne yn Horsens, yn Jutlân, mar kaam yn tsjinst fan de Nederlânske marine. Doe't Peter de Grutte yn 1704 de Russyske marine stichte, stapte er oer nei Ruslân, befarde de Swarte See en de See fan Azov en makke him yn de Grutte Noardske Oarloch fertsjinstlik yn de striid tsjin Sweden yn de Eastsee.
Syn namme libbet troch yn de Beringstrjitte, de Beringsee, it Beringeilân (Bering stoar dêr oan skuorbot), de Beringgletsjer, de Vitusmar en de Beringlânbrêge, allegear plakken dy't er besocht hat op syn Earste- en Twadde Kamtsjatka-ekspedysje.
Keppelingen om utens Horsens Museum Vitus Bering World Digital Library Kaart fan eastlik Ruslân fan Vitus Bering
Kategory:Deensk ûntdekkingsreizger Kategory:Russysk ûntdekkingsreizger Kategory:Jutsk persoan Kategory:Russysk persoan fan Deensk komôf Kategory:Skiednis fan Sibearje Kategory:Skiednis fan Alaska Kategory:Persoan berne yn 1681 Kategory:Persoan stoarn yn 1741