thumb|200px|Dr. Isaac Asimov yn 1965 Isaac Asimov (Petrovitsji, 2 jannewaris 1920 – New York, 6 april 1992) wie in Amerikaansk skriuwer en biogemikus. Hy wie in tige súksesfol skriuwer fan science fiction- en fan populêr-wittenskiplike boeken foar in grut publyk. Hy hat om-ende-by 500 publikaasjes op syn namme. Troch syn fans wurdt hy noch hieltyd koezjend The Good Doctor neamd. Mei Arthur C. Clarke (1917-2008), en Robert Heinlein heart hy ta de 'Grutte Trije' fan de sciencefiction-skriuwers yn de 20e iuw.

Populêr wittenskiplik wurk De boeken fan Asimov oer ferskate wittenskiplike ûnderwerpen binne loftich en mei koartswyl skreaun. Men kin it sa mâl net betinke of Asimov hat der wol oer skreaun. Fan teology en bibelske skiednis oant abstrakte wiskunde. In kar út syn wurk:

The Chemicals of Life (1954), Inside the Atom (1956), The World of Nitrogen (1958), Asimov's guide to science (1960), (wittenskipsskiednis) Life and Energy (1962), The Neutrino (1966), Science, Numbers and I (1968), The Dark Ages (1969) Nederlânske oersetting: De Donkere Middeleeuwen(1970), Our World in Space (1974), The Collapsing Universe (1977) (Nederlânske oersetting: Zwarte gaten. Het einde van het heelal?), Views of the Universe (1981), Change! (1982) (Nederlânsk: Morgen! 71 toekomstbeelden van wetenschap, techniek en maatschappij), Asimov's new guide to science (1984), (opnij besjoene ferzje) Asimov's guide to Halley's comet (1985) (Nederlânsk: De Komeet van Halley).

Asimov hat ek al trije (boek)dielen fan syn autobiografy klear. In Memory Yet Green (1979), In Joy Still Felt (1980), en I. Asimov: A Memoir (1994).

Fierders skreau er noch ferskate essays, sa as Thinking About Thinking en Science: Knock Plastic (1967).

Wichtichste prizen Hugo Award The Mule (1996) - roman Foundation rige (1966) - all-time rigen The Gods Themselves (1973) - roman The Bicentennial Man (1977) - romanette Foundation's Edge (1983) - novel Gold (1992) - novelette I. Asimov: A Memoir (1995) - non-fiksje

Nebula Award The Gods Themselves (1973) - roman The Bicentennial Man (1977) - romanette

Nebula Grand Master Award (1986)

Locus Award The Gods Themselves (1973) - roman Before the Golden Age (1975) - reprint anthology The Bicentennial Man (1977) - romanette In Joy Still Felt: The Autobiography of Isaac Asimov, 1954-1978 (1981) Foundation's Edge (1983) - SF roman Robot Dreams* (1987) - koart ferhaal I. Asimov: A Memoir (1995) - nonfiksje

Ferskaat In krater op de planeet Mars waard Asimov neamd (2009) 14 earedoktoraten

Keppelings om utens Asimov Online Folsleine bibliografy by Internet Speculative Fiction Database

Kategory:Russysk skiekundige Kategory:Russysk ateïst Kategory:Russysk humanist Kategory:Russysk publisist Kategory:Russysk romanskriuwer Kategory:Russysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Russysk science fiction-skriuwer Kategory:Russysk misdieskriuwer Kategory:Russysk autobiograaf Kategory:Amerikaansk skiekundige Kategory:Amerikaansk ateïst Kategory:Amerikaansk humanist Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Russysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 1992