Calais (histoarysk yn it Frysk Kalês of Kales) is in stêd en gemeente yn Frankryk oan 'e Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Calais). Der wenje om-ende-by 67.000 minsken (2023).
By Calais, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.
Eartiids makke Calais diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsen waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan 'e Frânsen. Fan 'e Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan 'e Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it Ferdrach fan Vervins weromjûn oan Frankryk.
Berne yn Calais Ford Madox Brown (1821-1893), Ingelsk keunstskilder, yllustrator en ûntwerper fan meubels en brânskildere glês (Prerafaeliten) Louis Daquin (1908-1980), akteur en filmregisseur Jean Jakus (1919 - 2008), dirigint Koar fan de Europeeske Mienskippen Djezon Boutoille (9 novimber 1975), fuotballer
Untwikkeling ynwennertal Jier 1793 1836 1856 1886 1906 1926 1954 1975 Ynwenners 6.549 10.865 11.969 58.969 66.627 60.340 16.285 78.820 Jier 1990 1999 2011 2021 Ynwenners 75.309 77.333 72.915 67.380
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk