__NOTOC__

→0→500 →1000 →1500→2000→

Hjirûnder wurdt de skiednis fan Fryslân, harren ynwenners, taal, kultuer en literatuer op tiidsfolchoarder beskreaun.

~100.000 f.Kr. Ut en troch komme kloften Neandertalers yn de omkriten fan Fryslân om te jeien en fiedsel te sykjen (yn Wynjewâld, Ealahuzen en Aldeholtpea binne fûstbilen fûn fan Neandertalers).

~12.000 f.Kr. In folk fan jagers en samlers komt oan yn it lân fan de Tsjonger. Dy prehistoaryske bewenners wurde nei it fynplak fan harren oerbliuwsels "de Tsjongerkultuer" neamd. De minsken fan de Tjongerkultuer hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne ûnder de oergongsfaze fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.

~700 f.Kr. Yn Fryslân en Grinslân wurde de earste terpen opsmiten. De earste bewenners binne nei alle gedachten Friezen.

~500 f.Kr. De Friezen begjinne harren nei wenjen te setten yn Fresia. Yn Fryslân begjint de earste perioade fan it opsmiten fan de terpen.

9 Farusslach

16 De Romeinske fjildhear Germanikus organisearret in grutte fjildtocht tsjin de Germaanske lieder Harmen. Hy lit tûzen skippen bouwe en falt oan oer de Noardsee en de mûning fan de Iems, wêrby de Sjauken en Friezen help oanbeane. By de Weser komt it earst ta striidpetear tusken Harmen en syn broer Flavus en letter ta in fjildslach op de flakte fan Idavisto, beëasten fan de Weser. Germanikus wint en driuwt de Germanen op de flecht. By de Romeinen wurdt sein dat de Sjauken Harmen ûntkomme litten hawwe. 28 Slach fan Baduhenna (28 n.K) thumb|right|Skriuwplankje fan Tolsum

29 Op 23 febrewaris wurdt op it Skriuwplankje fan Tolsum in oerienkomst fêstlein.

47 De Ryn wurdt troch keizer Klaudius as grins fêststeld tusken it Fryske gebiet en it Romeinske Ryk. Wol bliuwe de Friezen ûnder Romeinsk bestjoer.

58 De Fryske keningen Maloriks en Ferritus komme nei Rome. Sy ûntfange it Romeinske steatsboargerskip. Harren besyk smyt net folle op, want de Friezen moatte it stik lân dat sy besuden fan de Ryn beset hâlde, ferlitte. ~167 De Fryske ruters fan it Cuneus Frisionum wurde troch de Romeinen ynset yn Brittanje.

~200 Om it stigen fan de seespegel wurdt in twadde generaasje terpen opsmiten.

~525 De Friezen, ûnder lieding fan in kening dêr't de namme fan net oerlevere is, ferslaan yn de Slach oan de Ryn de Deenske ynkringers dy't ûnder Hygelac.

~560 Klotar I feroveret in part fan Fryslân. Neffens Frankyske gewoante is syn ryk in persoanlik gebiet en wurdt by syn dea ûnder syn soannen ferdield. De bruorren krije lykwols spul mei elkoar, wat soarget dat de Friezen wer gebiet feroverje kinne.

thumb|right|Dorestêd en wichtige handelsrûtes thumb|right|Aldgillis, yn de "Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt" fan P. Winsemius.

~600 Dorestêd ûntwikkelt him ta in wichtige hannelsstêd. Dat komt troch de hannel dy't dêr dreaun wurdt tusken de Chamaven, Friezen, Franken en de folken yn Skandinaavje en Ingelân. ~630 Nei in tiidrek fan boargerkrigen yn Frankryk, wêrtroch't de ynfloed fan de Franken tebekrint komt de Frankyske kening Dagobert mei in leger nei it noarden ta en leveret striid tsjin de Friezen. Hy feroveret it gebiet fan de Alde Ryn op de Friezen. Yn Utert lit er in tsjerke bouwe. Nei it ferstjerren fan Dagobert rint de Frankyske macht wer tebek en it tsjerkje rekket yn ferfal.

~650 Om dizze tiid hinne meitsje foargongers fan kening Aldgillis harren master fan it lân besuden de Ryn. It sintraal rivieregebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert wurdt it gebiet fan in machtich Frysk ryk.

678 Yn de winter fan 678 ûntfangt kening Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en jout him in ûnderkommen. Hy wegeret te foldwaan oan it fersyk fan de Frankyske hofmeier Ebroin om Wilfried oan him út te leverjen. De misjonarissen Wilfried en Wigbert krije tastimming fan Aldgillis om it kristendom te preekjen.

~680 Om-ende-by dizze tiid komt de Fryske kening Aldgillis te ferstjerren. Hy wurdt opfolge troch Redbad.

690 thumb|right|Willibrord, de Apostel fan de Friezen.

Yn de Slach by Dorestêd ferlieze de Friezen, ûnder lieding fan kening Redbad, fan de Franken dy't ûnder lieding fan hofmeier Pippyn II stean. Willibrord, Apostel fan de Friezen, komt nei it Fryske gebiet. Hy giet, mei tolve oaren, op besite by kening Redbad en wol yn it Fryske Ryk it leauwe fan Jezus Kristus ferkundigje. 695 De Friezen en Franken slute in bestân. Redbad syn dochter Thiadsvind boasket yn 695 mei Grimoald, de soan fan Pippyn.

696 Willibrord wurdt de aartsbiskop fan de Friezen, syn haadsit wurdt Utert.Marco Mostert (1999) – 754: Bonifatius bij Dokkum vermoord. Utjouwerij Verloren BV. Side 28

~700 De bou fan in tredde generaasje terpen begjint.

714 april - Grimoald de skoansoan fan kening Redbad wurdt fermoarde troch in slûpmoardner as er op beafeart giet nei it grêf fan de Hillige Lambert fan Maastricht by Luik.

716 De Friezen, ûnder Redbad, minge harren yn de Frankyske Boargerkriich en ferslaan de Franken Karel Martel yn de Slach by Keulen.

719 Kening Redbad makket plannen om twaris it Frankyske ryk oan te fallen en lûkt dêrta in grut leger gear (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 90.. Hy krijt lykwols net mear de gelegenheid dêrta, want hy wurdt troch in slimme sykte troffen en komt te ferstjerren yn de neisimmer of iere hjerst fan 719 (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 93.. Redbad lit Fryslân ûntheistere efter sûnder in gaadlike opfolger.

720-724 Troch hofmeier Karel Martel wurdt koart nei de dea fan Redbad in part fan de Friezen ûnderwurpen. Fan 720 ôf is it Fryske gebiet bewesten fan it Fly (Seelân, Hollân en Utert) yn Frankyske hannen. Karel Martel stelt Willibrord by steat de sinding ûnder de Friezen fan Utert te dwaan.

734 De Slach oan de Boarn hat plak tusken in Frysk leger laat troch kening Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Fryske kening wurdt ferslein en dêrtroch wurdt nei Fryslân westlik fan it Fly ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich. 740 thumb|350px|De grêftombe fan Karel Martel, yn de Katedraal fan Saint-Denis, it is makke ûnder de Gotyk. De gebieten fan Karel Martel wurde ûnder syn folwoeksene soannen ferdield: Karloman krijt Austraasje dêr't ek it lân fan de Friezen by heart as fasaalsteat.

741 22 oktober - Karel Martel stjert yn Quierzy-sur-Oise. Hy wurdt te hof brocht yn de katedraal fan Saint-Denis yn Parys.

~750 It lân fan de Friezen boppe de grutte rivieren wurdt fan healwei de 8e iuw ôf yntinsyf kerstenje.

754 Bonifatius, de biskop fan Mainz wurdt mei syn gefolch deade by Dokkum. 772 Karel de Grutte ûnderwerpt de Friezen yn Easterlauwersk Fryslân en set útein mei syn lange striid tsjin it folk fan de Saksen.

~790 Liudger genêst neffens de ferhalen de bline Fryske dichter Bernlef by Helwerd. Hjirnei lit Bernlef him bekeare ta it Kristendom. 792 De Saksen komme yn opstân tsjin de Frankyske besetting. De misjonarissen hâlde harren mear mei belêstingsheffing dwaande as kerstenjen. De Saksyske opstân slaat oer nei Easterlauwersk Fryslân dêr't de Friezen ûnder lieding fan de haroggen Unno en Eilrad rebellearje tsjin it Frankyske Ryk. In protte nij boude tsjerken wurde yn brân stutsen en prysters op de flechte jeie.

810 Gudfred fan Denemark falt mei likernôch 200 skippen Fryslân oan as ferjilding fan it besykjen fan Karel de Grutte om Denemark by syn ryk te krijen. As ferdigening tsjin de Wytsingen makket Karel de Grutte fan Fryslân in mark mei de ferplichting ta permaninte pratens.

838 De Wettersneed fan 838 rekket Fryslân bot.

~1000 De fjirde, en lêste, generaasje terpen wurde opsmiten.

1006 Liudolf fan Brunswyk krijt sizzenskip oer de Fryske goaen Sudergoa, Eastergoa en Westergoa, dy't mei-elkoar it Greefskip Mid-Fryslân foarmje.

1038 thumb|right|Midsiuwske ôfbylding fan Bruno Greve Liudolf komt ferstjerren en wurdt opfolge troch syn soan Bruno.

1047 Greve Bruno makket him master fan it gebiet tusken Lauwers en Iems (Hunzegoa en Fivelgoa), dêr't it formele bewâld fan tawiisd is oan aartsbiskop Adalbert fan Bremen. De Brunoanen hearske no oer it Fryske gebiet tusken it Fly en Iems.

1057 Greve Bruno sneuvelt yn in treffen mei Willem fan Brandenburg. Hy wurdt opfolge troch syn jongere broer Egbert I.

1068 Nei de dea fan Egbert I wurdt er opfolge troch syn soan Egbert II, dy't de lêste telch út de Brunoanen-dynasty is dy't as greve Fryslan bestjoert. Hy ferset him fjouwer kear tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Likefaak wurdt him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd.

1077 Sudergoa wurdt de greve Egbert II ûntnommen en oerdroegen oan biskop Koenraad fan Utert.

1086 Greve Egbert II rekket de oare goaen fan it Greefskip Mid-Fryslân kwyt.

1088 Keizer Hindrik IV jout de greefskippen fan Mid-Fryslân oer oan de biskop fan Utert.

1090 Greve Egbert wurdt troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvelt by in opstân tsjin de keizer. Nei Egbert syn dea makket Hindrik de Fette fan Northeim oanspraak op it Greefskip Mid-Fryslân.

1101 Greve Hindrik de Fette wurdt op 10 april troch Friezen fermoarde as er besiket syn bewâld oer Mid-Fryslân út te oefenjen. De Friezen stean ûnder lieding fan de biskop fan Utert.

1156 De earste bekend gearkomste wurdt hâlden by de Upstalbeam, it âld Fryske gerjochtsplak.

1170 thumb|right|De lizzing fan it Kreiler Wâld ± 1000. By de Alderheljenfloed fan 1 op 2 novimber 1170 wurdt it Kreiler Wâld ferswolge troch de Almar.

1287 Yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287 woedet de Grutte Stoarm ek wol de Sint-Lusiafloed. De wettersneed treft benammen Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen binne ôfgryslik, it westlike bekken fan de Waadsee wurdt foarme dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwynt.

1345 De Slach by Warns hat plak. By de slach steane it leger fan de Hollânske greve Willem fan Henegouwen en in legermacht fan de Friezen tsjin oer elkoar yn in slach dy't troch de Friezen wûn wurdt.

1413 Yn augustus komme de spannings tusken de East-Fryske haadlingen Keno II tom Brok en Hisko Abdena ta in útbarsting. Keno's oanfal op de stêd Emden is it begjin fan Grutte Fryske Oarloch, in kriich dy't njoggen jierren lang Fryslân yn de ban hat (1413-1422).

1418 Fokko Ukena ferslacht de Skieringers yn de Slach by Dokkum en plonderet Dokkum en Iesumasyl.

1422 De Skieringers ferdriuwe de Hollanners út de De Lemmer. De Frede fan Grins makket in ein oan de Grutte Fryske Oarloch en betsjut in tydlike ûnderbrekking yn de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers.

1498 Yn de Slach by Laaksum wurdt it grutte leger fan Fetkeapers út de Sânwâlden ferslein troch in lyts leger fan Albrecht fan Saksen. Dy oerwinning is beskiedend foar it einigen fan in tiidrek, de Fryske frijheid; Westerlauwersk Fryslân komt ûnder it bewâld te stean fan de Saksyske hartoch en nije tiden brekke oan.

1500 Yn de slach by Bomstersyl wurdt 14 july 1500 by Bomstersyl, in syl oan de westkant fan it hjoeddeiske Nijesyl, in leger fan om-ende-by 1.500 Fryske opstannelingen ferslein troch in grut hierlingeleger fan de Dútske gubinator en potentaat Albrecht fan Saksen. Tusken de 100 en 300 man sneuvelen dy dei.

1504 De Stellingwerven wurde oermastere troch hartoch fan Saksen, en wurdt by Fryslân foege.

1517 thumb|right|Grutte Pier yn de striid.

De Stellingwerven wurde opdield yn Stellingwerf-Westeinde en Stellingwerf-Easteinde. Grutte Pier wurket gear mei Karel fan Gelre en is mei syn leger warber op de Sudersee, dêr't hy Hollânske skippen oanfalt en plonderet. As blykt dat Karel fan Gelre sels in machtsposysje yn Fryslân ha wol, is Pier sa teloarstelt dat hy stoppet mei de striid.

1523 Fan Grutte Wierd wurdt de holle ôfslein yn Ljouwert.

1524 Fryslân erkent Karel V as lânhear.