It Departemint fan de Alde Isel wie ien fan de acht departeminten fan de Bataafske Republyk. It hat bestien fan 1798 oant 1801 en hie as haadstêd Swol.
It departemint waard foarme nei it gearfoegjen fan: it goa Oerisel it lânskip Drinte it súdlike part fan it goa Fryslân (de Sânwâlden) it noardlike part fan it goa Gelderlân (de Feluwe)
De eilannen Urk en Skoklân wiene ek part fan it departemint.
By de stifting fan it Bataafske Mienebest, yn 1801, waard dizze weryndieling tebek set. Wol bleaunen Oerisel en Drinte mei-inoar ien departemint, it Departemint Oerisel. Noardlik Gelderlân waard diel fan it Departemint Gelderlân, wylst it súdlik part fan Fryslân by it Departemint Fryslân kaam.
Keppeling om utens Kaart fan de Bataafske Republyk (1798-1801)
Kategory:Bataafske Republyk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1798 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1801 Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Skiednis fan Drinte Kategory:Skiednis fan Oerisel Kategory:Skiednis fan Gelderlân