Mads Wittermans (Drachten, 22 jannewaris 1977) is in Nederlânsk akteur.

Hy is bekend fan syn rol as Ot van Zeventer, yn de tv-searje Fort Alpha, oer in havoklasse op it Alpha College. Ek hie er rollen yn de films Van God Los, Phileine Zegt Sorry, De Scheepsjongens van Bontekoe en Doodeind.

Joop Wittermans is syn heit en dy spile ek mei yn Forta Alpha as de konsjerzje Piet. Mads hat neist syn telefyzjewurk ek yn toanielstikken spile:

Vader & Zoon (mei syn heit Joop Wittermans) Mijn Elektra Stormbrein (syn earste solo-optreden oer syn ADHD) Peerd & Woagen (in foarstelling oer 'de Grinslander', regissearre troch Theo de Groot) The Meeting, oer de striid tsjin syn alkoholferslaving.

Hy wennet mei frou en bern, Milou en Mante, yn Grins.

Filmografy Fort Alpha (1996-1997) - Ot van Zeventer Hotnews.nl - Arno De scheepsjongens van Bontekoe (2007) - Pitersoan Flikken Maastricht (2007) - Danny Hovink en (2021) - gastrol: eigener club 13 in de oorlog (2009) - Henk Post Penoza (2012 & 2013) - Speedy Sinterklaasjournaal (2017) - Lid Dokkumse Diepfrieze Dakkapel (ôfl. 1 t/m 6) Komt een man bij de dokter (2017) - Ferskate rollen Goede tijden, slechte tijden (2017) - Marco Rienstra De 12 van Schouwendam (2019) - Siebren van Keulen Baantjer: het Begin (2019) - Mees Winia De veroordeling (2021) Rampvlucht (2022) - Jeffrey Veldhuizen Mocro Maffia (2023-no) - Otto Massing Mocro Maffia: Tatta (2023) - Otto Massing Oogappels (2024) - Harry Bennie (2025) - Boudewijn

Keppelings om utens Webstee fan Stormbrein Webstee fan Peerd

Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1977