thumb|Johannes Jelgerhuis fan Jan Willem Pieneman thumb| J. Jelgerhuis, De Amsterdamske bûtensingel by de Leidske poarte
Johannes Jelgerhuis (Ljouwert, 24 septimber 1770 - Amsterdam, 6 oktober 1836) wie in Nederlânsk keunstskilder, yllustrator en akteur. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, Rienk Jelgerhuis (1729-1806), en fan de behang- en lânskipsskilder Pieter Pietersz. Barbiers II. Hy reizge mei syn heit de Republyk troch en makke wilens yllustraasjes foar almanakken, politike tekeningen en grafysk wurk oer it doetiidske barren.
Fan 1805 ôf hie er fêst wurk by de Amsterdamske Stedsskouboarch, dêr't er bekend waard as akteur yn treurspullen.
Yn 1806 sette er him ta wenjen yn Amsterdam.Answers.com
Houlik en bern Jelgerhuis boaske oan Philippina Maria van der Boon op 18 desimber 1791, yn de "Oude Kerk" te Delft. Letter hat er noch troud west mei Alida Maria Margaretha Dol, in katolike frou út Delft.
Bern út it earste houlik: 15 sept. 1792 Catherina Hesselina (Cato) 12 aug. 1793 Johanna Clara (Jans) 21 july 1794 Philippina Maria (Miemie) 16 sept. 1796 Cornelia Adriana (Keetje) 7 nov. 1798 Johannes
Ut it twadde houlik: 20 feb 1804 Hermanus Augustus.Tentoanstellingskatalogus
Sitaat Het werk van een schilder kan door de generatie na hem nog bewonderd worden, een toneelspeler laat niets na. Theaterinstituut.nl
Boek Theoretische lessen over de Gesticulatie en de Mimiek (1827).Volkskrante argyf Mei tekeningen fan ferskate poses fan Jegerhuis sels
Keppeling om utens Johannes Jelgerhuis by de DBNL
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1770 Kategory:Persoan stoarn yn 1836