thumb|It hof fan Willem II thumb|Bacchus en Ariadne, om 1660 Caesar Pieters fan Everdingen (Alkmaar, ± 1617 - dêre begroeven 13 oktober 1678)<ref>Sjoch: Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie (RKD) (Caesar van Everdingen). De foarkarnamme neffens it RKD Cesar Boetius van Everdingen.</ref> wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy wie de broer fan de skilder Allart van Everdingen. Hy wurdt ek wol Cesar Boetius fan Everdingen neamd. (Cesar wurdt somtiden stavere as Caesar of Ceser en Boetius as Bovetius of Bovesis''.)
Libben Caesar fan Everdingen soe oplaat wêze yn Utert. Yn 1632 gie er by it Sint-Lucasgilde yn Alkmaar, mar der is gjin wurk fan him bekend fan foar 1636. Om 1640 hinne kaam Caesar van Everdingen yn 'e kunde mei skilder/arsjitekt Jacob van Campen. Troch him krige er in stikmannich wichtige opdrachten.
Caesar fan Everdingen troude yn 1646 mar it houlik bleau sûnder bern. Hy ferfarde yn 1648 nei Haarlim, dêr't er by de skutterij fan Sint-Joaris gie en yn 1651 lid waard fan it gilde. Hy die ek mei oan it dekorearjen fan de Oranjeseal fan Hûs te Bosch yn De Haach. Yn 1658 gie er foar altyd werom nei Alkmaar. Hy waard begroeven yn de Grutte of Sint-Laurenstsjerke yn Alkmaar. thumb|Jonge frou waarmet har hannen
Wurk Caesar fan Everdingen skildere meast histoarjestikken en portretten. Syn wurk is faaks it hichtepunt fan it Hollânsk klassisisme yn de skilderkeunst, sa at dat ûntwikkele waard troch Jacob van Campen en Haarlimske skilders as Pieter de Grebber en Salomon de Bray.
Iepenbiere kolleksjes Frans Hals Museum yn Haarlim Grutte of Sint-Laurenstsjerke yn Alkmaar Steedlik Museum Alkmaar
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1617 Kategory:Persoan stoarn yn 1678