thumb|250px|Lânskip mei in kastiel en persoanen, Jacques d'Arthois Jacques d'Arthois (Brussel, 1613 - dêre, 1686) wie in Flaamsk lânskipsskilder út de baroktiid.
D'Arthois waard yn 1625 learling fan Jan Mertens en waard yn 1634 lid fan it Sint-Lucasgilde fan Brussel. Hy ûntjoech him mei Lucas Achtschellinck en Lodewijk de Vadder (de saneamde Zoniënwoudskilders) ta de meast foaroansteande lânskipsskilders fan dy tiid. Hy wurke gear mei David Teniers de Jonge dy't meastal de persoanen yn de skilderijen foar syn rekken naam, en mei Gaspar de Crayer. Tekenjend foar D'Arthois binne de krêftige, wat rûge pinsielstreken yn syn wurk.
D'Arthois wurke ek foar de Brusselske wandtapytfabrikanten. Yn 1655 waard er beneamd ta tapytûntwerper fan Brussel.
Museums Wurk fan Jacques d'Arthois is te finen yn de neifolgjende musea: Louvre yn Parys Keninklike Musea foar Schone Keunsten fan Belgje yn Brussel Groeningemuseum yn Brugge Hermitage Museum yn Sint-Petersburch Kunsthistorisches Museum yn Wenen Museum of Fine Arts yn Boston
Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830) Kategory:Flaamsk keunstskilder Kategory:Flaamsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Barok Kategory:Persoan berne yn 1613 Kategory:Persoan stoarn yn 1686