Siebe Jan Bouma (Grins, 23 maart 1899 - De Haach, 10 desimber 1959) wie in Nederlânske arsjitekt en stedeboukundige.

Libben en wurk Bouma wie earst timmerman (1919) en boukundich tekener (1920) foar de gemeente Grins, mar waard dêre letter stedsarsjitekt, oant 1942. Hy ûntwurp in protte grutte en lytse gebouwen (fan transformatorstasjons oant skoallen, fan lantearnpeallen oant in plysjeburo).

Bouma syn ûntwerpen litte in foarkar sjen dy't de kant fan de Amsterdamske Skoalle en kubisme útskaait. Hy hat direkteur west fan it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim, it Suderseemuseum yn Inkhuzen en hy wie de stedeboukundich ûntwerper/arsjitekt fan Madurodam. De eardere tf-presintator Bob Bouma wie syn soan en earder aktrise Maya Bouma en kabaretêre Annelies Bouma wienen dochters fan S.J. Bouma.

Sjoch ek Nederlânske Arsjitekten

Kategory:Nederlânsk timmerman Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1959