right|thumb|300px|Burj Khalifa, op dizze foto noch yn oanbou, is mei 828 meter op it stuit (2010) it heechste gebou fan de wrâld
In wolkekliuwer, ek wol wolkeklauwer, is in bysûnder heech bouwurk dat brûkt wurdt om yn te wurkjen as wenjen.
Wichtige technyske faktoaren yn de skiednis fan de wolkekliuwers binne ûnder oare de ûntwikkeling fan de lift en it better tapassen fan stiel en beton. Oant de 19e iuw kaam heechbou boppe de seis ferdjippings eins net foar omdat it net praktysk wie om safolle treppen op te moatten, ek koenen de minsken it wetter net foarby de fyftjin meter hichte krije.
Wolkekliuwers ferskille fan gewoane gebouwen en hûzen yn technyske opsichten. Gebouwen oant likernôch fjouwer ferdjippings kinne noch droegen wurde troch de muorren fan it gebou, mar by hegere gebouwen kin soks net mear. By wolkekliuwers krijt it bouwurk stipe fan in skelet. De muorren hingje dan as in gerdyn by in rút, de namme foar sa'n manier fan bouwen is dan ek in gerdynmuorre.
By de bou fan wolkekliuwers moat ek rekken hâlden wurde mei de hurde wyn. De wyn op hegere hichten giet hurder as op de grûn, dat op hegere hichten komt der mear druk op it gebou te stean. Guon yngenieurs sizze dat de wyn in wichtigere faktor is as it gewicht fan it gebou.
Definysje Der is gjin offisjele definysje of hichte fan wêrôf in gebou klassifisearre wurde mei as in wolkekliuwer. Of in gebou beskôge wurde kin as in wolkekliuwer hinget fan ferskate saken ôf. Benammen tiid en plak binne bepalend, mar ek de relative hichte spilet in rol as it giet om it jaan fan de term wolkekliuwer oan in gebou.
De term wolkekliuwer waard foar it earst oan gebouwen jûn dy’t yn de lette 19e iuw yn Chicago en New York boud waarden. De gebouwen hjirre krigen in soad bewûndering fan de minsken. Lange tiid is tocht dat de tradisjonele definysje fan in wolkekliuwer begûn mei it Home Insurance Building (1885) fan tsien ferdjippings heech yn Chicago, it gebou waard yn 1931 ôfbrutsen. Dit gebou krige op basis fan de wize fan bouwen de term “ earste wolkekliuwer”. Mar hjoed de dei komt men dêr op werom. Neffens Gerald R. Larson, professor arsjitektuer oan de Universiteit fan Cincinnati, hat men net nei genôch kriteariums sjoen foar it tawizen fan de term wolkekliuwer oan it Home Insurance Building. Neffens de kriteariums dy't Larson brûkt is it Equitable Life Assurance Building yn New York City de earste wiere wolkekliuwer.The first skyscraper - new theory that Home Insurance Building was not the first (sjoen op 20 jannewaris 2010)
Letter waard de definysje fan wolkekliuwer feroare troch arsjitektoanyske skiedkundigen, basearre op technyske foarútgong yn de jierren 1880 dy’t der foar soarge hienen dat gebouwen mei meardere ferdjippings boud wurde koenen. Dizze nije definysje wie basearre op stielskelet, dêrfoar waard út gong fan gebouwen dy’t boud wienen mei mitselwurk, sokke gebouwen kamen oan harren limyt yn 1891 mei de bou fan Monadnock Building yn Chicago. Philadelphia’s City Hall (Stêdshûs fan Philadelphia) út 1901 hat noch altyd it rekord as it heechste mitselwurkgebou fan de wrâld mei 167 meter.
In losse definysje fan in wolkekliuwer yn de Feriene Steaten en Jeropa leit de limyt foar in wolkekliuwer no op 150 meter.Huge new rogers skyscraper proposed, www.skyscrapernews.com (sjoen op 24 novimber 2009) In wolkekliuwer boppe de 300 meter wurdt wol superheech neamd. Koartere gebouwen dan 150 meter wurde noch hieltyd wol wolkekliuwers neamd at se bepalend binne foar de omjouwing.
Emporis Data Committee, in ynternasjonale organisaasje dy’t in list fan hege gebouwen oeral op de wrâld byhâld, definiearret in wolkekliuwer as folcht: In gebou mei meardere ferdjippings dêr’t de arsjitektyske hichte yn alle gefallen 100 meter fan is.Data Standards: Skyscraper, Emporis Data Committee (sjoen op 1 desimber 2009)
It bewenberheidskriterium dy't yn guon definysjes opnaam is ûnderskied wolkekliuwers fan tuorren en mêsten.
Skiednis Foar de 19e iuw thumb|right|De Piramide fan Cheops hat foar tûzenen jierren it heechste gebou fan de wrâld west. thumb|right|De Twa Tuorren fan Bologna.
De beskavings út de Aldheid hienen net de technologyske mooglikheden om wolkekliuwers te bouwen sa't dy yn de moderne tiid makke binne. Dochs binne der ferskate bouwurken út de Aldheid dy't wat de hichte oanbelanget sawat yn deselde kategory falle as hjoeddeiske wolkekliuwers. De Egyptyske piramiden - lykas de Piramides fan Gizeh - dy’t om 2500 foar Kristus boud waarden, kinne as de earste wichtige hege gebouwen yn de skiednis fan de boukeunst sjoen wurde. De heechste fan de trije Piramides fan Gizeh, de Piramide fan Cheops, hie oarspronklik in hichte fan 146 meter (op it stuit 137 meter).
Yn it gebiet fan it hjoeddeiske Gûatemala hat it Maya-folk om 500 foar Kristus hinne mei it timpelsintrum fan Tikal, dat earder bestie út mear as 3.000 bouwurken, de earste “wolkekliuwers” op it Amearikaanske kontinint boud. De seis timpelpiramiden hawwe 69 meter heech west.
De Hindûtimpel fan Nataraja yn Chidambaram, Yndia, is yn de 13e iuw boud en fan stile trepfoarmige piramiden foarsjoen, en hat in hichte fan 45 meter.
It delsetten fan gebouwen dy’t “nei de himmel ta rikten” wie foar de measte âlde beskavingen in utering fan macht en it sjen litten fan technyske ûntjouwing. Yn de 20e en 21e iuw binne wolkekliuwers noch hieltyd bouwurken dêr't sommige minsken en bedriuwen graach mei pronke.
De Piramiden fan Gizeh bleaunen foar tûzenen jierren de heechste bouwurken fan de wrâld. Neffens alle wierskyn kaam der mei de bou fan de Lincoln Katedraal yn de 14e iuw pas wer in nij hichterekord, mar dat is net wis.The Project Gutenberg eBook of The Cathedral Church of Lincoln (sjoen op 1 desimber 2009), troch A.F. Kendric, B.A Pas yn 1884, mei de bou fan it Washington Monumint wie der in oar type gebou, dat grutter wie as in katedraal. Lykwols binne de piramiden en katedralen en monuminten noch gjin gebouwen dêr't minsken wurkje of wenje, wat wol gewoan is yn wolkekliuwers.
Hege gebouwen, wêrfan sommige wol mear as tsien ferdjippings heech, waarden boud yn de tiid fan de Romeinen. It is bekend dat guon fan dy gebouwen wol mear as 200 treeën hienen. (2004) - "Daily Life in the Roman City: Rome, Pompeii and Ostia", side 79 Augustus Oktavianus begûn mei de bou fan soksoarte gebouwen tusken de 20 en 25 meter heech. Yn de ûnderste ferdjippings sieten faak winkels of der wennen rike minsken, wylst de hegere ferdjippingen ferhierd waarden oan de legere klassen. (2004) - "Daily Life in the Roman City: Rome, Pompeii and Ostia", side 79
De stêdssilhûetten fan guon grutte Midsiuwske stêden hienen in grut tal hege tuorren. Rike famyljes bouden dy tuorren foar ferdigening en status. Bygelyks de Tuorren fan Bologna út de 12e iuw. Yn dy tiid binne der sa'n 80 oant 100 fan sokke tuorren boud, de heechste komt oan de 97,2 meter. Yn Florâns waard yn 1251 in wet ynsteld dy’t sei dat de gebouwen net heger as 26 meter wêze mochten. (2005) - "dtv-Atlas Baukunst I. Allgemeiner Teil: Baugeschichte von Mesopotamien bis Byzanz", 14th ed., side 345 Sels fan lytse stêden as San Gimignano is bekend dat der ea 72 tuorren stien hawwe, dy't soms wol om de 50 meter hienen. (2005) - "dtv-Atlas Baukunst I. Allgemeiner Teil: Baugeschichte von Mesopotamien bis Byzanz", 14th ed., side 345 De Skierstins yn Feanwâlden is noch in geef oerbliuwsel fan in ferdigeningstoer út de midsiuwen.
Yn de Midsiuwen hie de Egyptyske stêd Fustat in soad hege gebouwen. Nasir Khusras skreau yn de 11e iuw dat guon gebouwen 14 ferdjippings hienen, mei daktunen en wetterrêden foar yrrigaasje. (1992) - Islamic Architecture in Cairo. Brill Publishers, side 6 Kairo hie yn de 16e iuw hege gebouwen wêrfan de ûnderste twa ferdjippingen foar kommersjele doelen brûkt waarden en de ferdjippings dêrboppe as wenromte. (2003) - Traditional Islamic principles of built environment, Routledge. side viii In âlde stêd dy’t hast hielendal út heechbou bestie wie de stêd Shibam yn Jemen yn de 16e iuw. Shibam hie sa likernôch 500 tuorren dêr't minsken yn wenje koenen. Eltse toer wie tusken de fiif en alve ferdjippings heech.Old Walled City of Shibam, UNESCO (sjoen op 1 desimber 2009) Eltse flier wie foar ien famylje. Shibam hat noch hieltyd de heechste klaaistienen gebouwen fan de wrâld, guon fan de gebouwen binne mear as 30 meter heech.
In iermodern foarbyld fan bewenbere heechbou wie yn Edinboarch, Skotlân, yn de 17e iuw. Dêr stie in ferdigeningswâl dy’t de grinzen fan de stêd oanjoech. Om't der net in soad romte wie, waarden de huzen de hichte yn boud. Gebouwen fan alve ferdjippings heech wienen gewoan yn de stêd, en der hawwe bouwurken west dy't 14 ferdjippings heech wienen. In soad fan dy gebouwen binne no noch te sjen yn it âlde sintrum fan Edinboarch. It âldste bouwurk fan izer is de Flaxmole yn Shrewsbury, Ingelân. It waard boud yn 1797 en wurdt sjoen as ien fan de earste wolkekliuwers. De toer yn Shrewsbury foldocht oan twa betingsten dy't oan moderne wolkekliuwers steld wurde, de toer wie fjoerfeilich en boud mei sterke materialen. Nei goed 200 jier is it bouwurk ferfallen en hat in soad jild nedich om oerein te bliuwen.
Iere wolkekliuwers - de Chicagoskoalle thumb|left|It Home Insurance Building yn Chicago wurdt beskôge as de earste wolkekliuwer.
De “útfining” fan de wolkekliuwers wie de earste selsstannige arsjitektoanyske prestaasje fan de Feriene Steaten. Sosjologen hawwe letter yn dy tiid sels ferwiisd nei wolkekliuwers as symboalen fan de Amearikaanske mienskip. (1980) - Fischer Länderkunde: Nordamerika. Frankfurt am Main: Fischer Taschenbuch Verlag. side 245
Chicago en New York wienen yn de lette 19e en begjin 20e iuw de Amerikaanske stêden dêr't in soad wolkekliuwers boud waarden. It grutste part fan alle wolkekliuwers dy't sa om it jier 1900 boud waarden ferskynden yn dy beide stêden. Opdrachtjouwers en boubedriuwen besochten dêr aloan nije rekords te brekken. De grutte brân yn Chicago fan 1871 ferneatige 9 km2 stedsgebiet, sa likernôch in tredde part fan de stêd. Troch de brân wie der wol plak foar nije eksperiminten yn 'e bou, en dan benammen op it mêd fan heechbou. Yn seis wike tiid wie de bou fan sa'n 300 nije bouwurken begûn, en arsjitekten krigen dêrby de mooglikheid harren tinzen om te setten yn bouprojekten. Yn dy rite kaam der in nije beweging fan 'e grûn dy't de Chicagoskoalle neamd wurde soe. De befolking fan Chicago is yn it tiidrek fan 1880-1890 ferdûbele, en de grûnprizen yn de stêd skeaten omheech. Wylst in kante meter bougrûn yn 1880 noch foar 130 Amerikaanske dollars beskikber wie, hat de priis fan in kante meter him yn 1890 hast fersândûbele nei 900 dollar. Om de nije bouprojekten mear opsmite te litten, hawwe eigners harren grûn maksimaal benut, wêrtroch hegere gebouwen boud waarden. De nije bouwurken koenen boud wurde omdat der yn de tiid technologyske útfinings dien waarden lykas de elektroanyske liften fan Otis út 1852Profyl fan Elisha Graves Otis, Invent.org (sjoen op 26 novimber 2009), fjoerbestindige boumaterialen, wapene beton en benammen stielskeletten.The Home Insurance Building, Chicagoarchitectureinfo (sjoen op 27 novimber 2009)
thumb|right|Louis Sullivan wurdt wol sjoen as de 'heit fan de wolkekliuwers.
It Home Insurance Building is boud yn de jierren 1884-1885 en wie it earste gebou dat de measte nije technyske útfinings, lykas it stielskelet, brûkte.Home Insurance Building, Emporis.com (sjoen op 26 novimber 2009) Troch dy technyk waard heechbou mooglik sûnder de muorren hieltyd dikker te meitsjen. Troch it kombinearjen fan de technyske mooglikheden wurdt it gebou fan ûntwerper William Le Baron Jenney, mei syn tsien ferdjippings, de earste wiere wolkekliuwer neamd. It gebou waard yn 1931 sloopt om plak te meitsjen foar it Field Building.
It Auditorium Building, dat yn 1889 nei in ûntwerp fan Dankmar Adler en Louis Sullivan boud waard, hie njonken in hast skier perfekte akoestyk ek in luchtregeling.