Dûbai (Arabysk: دبي, Dubayy) is de grutste stêd fan it emiraat Dûbai en ien fan 'e wichtichste stêden fan 'e Feriene Arabyske Emiraten. De stêd leit oan 'e súdeastlike kust fan 'e Perzyske Golf. Dûbai is it ekonomyske en finansjele sintrum fan 'e Feriene Arabyske Emiraten en is útgroeid ta ien fan 'e wichtichste sintra fan hannel, loftfeart, toerisme, finansjele tsjinsten, logistyk en ûnreplik guod yn it Midden-Easten. De geografyske lizzing tusken Jeropa, Aazje en Afrika hat de stêd holpen om út te groeien ta in ynternasjonaal knooppunt.

Dûbai ûntstie as in lytse kust- en hannelsdelsetting, wêrfan't de ekonomy lange tiid basearre wie op fiskerij, pearelfiskerij en hannel. Yn 'e 20e iuw naam de betsjutting fan 'e haven en de hannel sterk ta. Nei de ûntdekking fan oalje yn 1966 kaam in perioade fan tige rappe ekonomyske en demografyske groei. Oars as guon oare oaljeprodusinten yn 'e Golf hat Dûbai al betiid swier ynset op ekonomyske diversifikaasje. Oalje is tsjintwurdich mar in lyts ûnderdiel fan 'e ekonomy; mear as 95% fan 'e ekonomyske produksje fan it emiraat is net-oaljebasearre.

Sûnt de jierren 1990 is Dûbai bekend wurden om syn tige rappe stedlike ûntwikkeling, hege wolkekliuwers, grutte winkelkompleksen, keunstmjittige eilannen en grutte ynfrastruktuerprojekten. De Burj Khalifa, it heechste gebou fan 'e wrâld, is it bekendste symboal fan 'e stêd.

Namme De namme Dûbai komt fan it Arabyske Dubayy. Oer de krekte oarsprong fan 'e namme bestiet gjin algemien akseptearre ferklearring. Yn it Arabysk wurdt de namme skreaun as دبي. Yn it Frysk wurdt de namme ornaris skreaun as Dûbai. De namme fan it emiraat is deselde as dy fan 'e stêd.

Geografy thumb|Khor Dûbai Dûbai leit oan 'e súdeastlike kust fan 'e Perzyske Golf, yn it noardeasten fan 'e Feriene Arabyske Emiraten. It stedsgebiet leit benammen op in brede kustflakte dy't nei it suden en easten oergiet yn 'e Arabyske Woastyn. It emiraat Dûbai wurdt yn it suden begrinzge troch it emiraat Abu Dhabi en yn it noardeasten troch Sharjah.

De stêd is ûntstien om Khor Dubai, in natuerlike see-earm dy't fan 'e Perzyske Golf in stik it lân yn rint. Dat wetter wie fan grut belang foar de iere ûntwikkeling fan Dûbai, om't skippen dêr beskûl fine koene en de wetterwei brûkt waard foar fiskerij, pearelfiskerij en hannel. Oan wjerskanten fan 't wetter ûntstiene de âlde wiken Deira en Bur Dubai.

Yn 'e 20e en 21e iuw is it stedsgebiet sterk útwreide. Grutte stikken lân binne wûn op 'e see troch it opspuiten fan sân en it oanlizzen fan keunstmjittige eilannen. Ta de bekendste projekten hearre Palm Jumeirah, Palm Jebel Ali en de The World-arsjipel.

It lânskip om Dûbai hinne is oer it generaal flak en drûch. Natuerlike swietwetterboarnen binne tige seldsum en it grutste part fan it wetter dat troch húshâldings en bedriuwen brûkt wurdt, komt út ûntsâlting fan seewetter.

Klimaat Dûbai hat in woastynklimaat mei tige waarme simmers en waarme winters. Yn 'e simmer kinne temperatueren oerdeis geregeld boppe de 40 °C komme. De nachten bliuwe ek waarm, benammen troch de hege luchtfochtigens oan 'e kust.

De wintermoannen binne folle mylder. Rein falt mar sporadysk en komt benammen yn 'e winter foar. Swiere reinbuien kinne lykwols yn koarte tiid grutte problemen feroarsaakje, om't it stedsgebiet fan natuere tige drûch is en in protte oerflakken ferhurde binne.

Stedsfoarm

De moderne stêd strekt him oer in grut gebiet lâns de kust en de wichtichste ferkearsassen út. It histoaryske sintrum om de Khor Dubai hinne wurdt foarme troch ûnder mear Deira en Bur Dubai. Fierder nei it suden en lâns de kust lizze moderne stedsdielen lykas Jumeirah, Downtown Dubai, Dubai Marina en Jebel Ali.

It hert fan 'e moderne skyline wurdt foarme troch Downtown Dubai, mei de Burj Khalifa, Dubai Mall en Dubai Fountain. Lâns Sheikh Zayed Road ûntstie in lange rige fan wolkekliuwers dy't it moderne byld fan Dûbai sterk bepaald hat.

Skiednis Iere skiednis De skiednis fan Dûbai is sterk ferbûn mei de lizzing oan 'e Perzyske Golf en de natuerlike wetterwei Khor Dubai. De kust fan it hjoeddeiske Feriene Arabyske Emiraten lei al yn 'e Aldheid oan hannelsrûtes dy't Mesopotaamje, Perzje, it Arabyske Skiereilân en Yndia mei-inoar ferbûnen. It gebiet fan Dûbai wie lykwols lange tiid in tinbefolke kust- en woastyngebiet. De beskikberens fan wetter, fisk en de beskutte lizzing fan Khor Dubai makken it gebiet gaadlik foar in lytse permaninte delsetting.

Yn 'e iere moderne tiid ûntstie oan 't wetter in doarp dat benammen libbe fan fiskerij, hannel en letter ek pearelfiskerij. De wetterwei wie fan grut belang foar de pleatslike ekonomy, om't lytse houten skippen dêr feilich oanlizze koene. De tradisjonele houten dhows waarden brûkt foar fiskerij, it sammeljen fan pearels en hannel mei oare havens oan 'e Golf en mei de kust fan Yndia.

It ûntstean fan it emiraat Yn 1833 ferliet in groep fan 'e Al Bu Falasah, in tûke fan 'e Bani Yas, it gebiet om Abu Dhabi hinne en fêstige him yn Dûbai. Sheikh Maktoum bin Buti waard de earste hearsker fan 'e nije delsetting en dêrmei begûn de hearskippij fan 'e Al Maktoum-famylje, dy't oant hjoed de dei de hearskers fan Dûbai leveret.

De lizzing fan Dûbai wie geunstich foar de ûntwikkeling fan hannel. De delsetting lei net fier fan 'e wichtige hannelsrûtes troch de Golf en hie mei Khor Dubai in natuerlike haven. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard Dûbai dêrtroch hieltyd wichtiger as plak dêr't keaplju, fiskers, pearelfiskers en seelju gearkamen.

thumb|right|Al Fahidi Fort, it âldste noch besteande gebou fan Dûbai. It waard yn 1787 boud. In sichtber oantinken oan dy iere perioade is it Al Fahidi Fort, dat yn 1787 boud waard oan 'e súdkant fan Khor Dubai. It fort hie in militêre funksje, mar waard letter ek brûkt as residinsje fan 'e hearsker, wapenarsenaal en finzenis. Yn 1971 waard it fort iepene as museum.

De 19e iuw: hannel en pearelfiskerij Yn 'e 19e iuw waard de pearelfiskerij ien fan 'e wichtichste boarnen fan ynkommen. Fanút Dûbai fearen skippen de Golf op om oesters te sammeljen. De pearels waarden dêrnei ferhannele mei keaplju út 'e regio en fierder eksportearre nei merken yn Yndia en oare dielen fan Aazje.

Tagelyk groeide de hannel. Keaplju út 'e Arabyske Golf, Perzje en Yndia setten har yn Dûbai nei wenjen. Benammen it gebiet om Deira ûntwikkele him ta in wichtich hannelsgebiet. De stêd waard in plak dêr't guod út ferskillende dielen fan 'e Yndyske Oseaan byinoar kaam.

Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard de politike posysje fan Dûbai ek sterker. De hearskers fan 'e emiraten oan 'e saneamde Trucial Coast sleaten ferskate ferdraggen mei Grut-Brittanje. Yn 1892 sleaten de hearskers fan 'e Trucial States de saneamde Exclusive Agreements mei de Britten. Dêrmei krigen de Britten in grutte ynfloed op 'e bûtenlânske relaasjes fan 'e emiraten, wylst se beskerming tsjin bûtenlânske oanfallen taseinen.

thumb|left|Deira yn 'e jierren 1950, foar de grutte modernisearring fan Dûbai. De opkomst fan Dûbai as hannelsstêd Oan it begjin fan 'e 20e iuw naam de ekonomyske betsjutting fan Dûbai fierder ta. De hearskers fierden in relatyf iepen hannelsbelied en besochten keaplju nei de stêd te lûken. Belestingen op hannel waarden leech holden en bûtenlânske keaplju krigen romte om har yn 'e stêd te fêstigjen.

Yn 1901 waard it hannelsbelied fierder liberalisearre. Dat holp Dûbai om in regionaal hannelsplak te wurden. Keaplju út oare dielen fan 'e Golf en út Perzje, Yndia en East-Afrika kamen nei de stêd. De befolking waard dêrtroch al betiid etnysk en kultureel ferskaat.

Yn 1912 waard de Al Ahmadiya School stifte, dy't beskôge wurdt as de earste skoalle fan Dûbai. De skoalle stie yn Deira en is tsjintwurdich as erfgoedplak bewarre bleaun.

De krisis fan 'e pearelmerk De tradisjonele ekonomy fan Dûbai krige yn 'e 1920-er en 1930-er jierren in swiere klap. De wrâldwide ekonomyske krisis fermindere de fraach nei lúkseprodukten, wylst de ûntwikkeling fan kultivearre pearels yn Japan de tradisjonele pearelfiskerij fierder ûnder druk sette.

Foar in stêd dy't sterk ôfhinklik wie fan pearels en maritime hannel hie dat grutte gefolgen. De ynkomsten fan hannelers, fiskers en pearelfiskers namen ôf en in part fan 'e befolking krige te krijen mei earmoede.

Dochs bleau Dûbai besykjen om syn hannelsposysje te fersterkjen. De strategyske lizzing en it relatyf iepen hannelsbelied soargen derfoar dat de stêd de ekonomyske krisis better trochstie as guon oare delsettings oan 'e Golf.

Sjeik Saeed en de foar-oaljeperioade Nei de Twadde Wrâldoarloch begûn de stêd stadichoan wer te groeien. De befolking konsintrearre him noch hieltyd om Khor Dubai hinne. De wiken Deira en Bur Dubai waarden troch de Khor Dubai fan inoar skaat en wiene mei boaten mei-inoar ferbûn.

Yn dy tiid wie Dûbai noch in lytse stêd mei in beheinde ynfrastruktuer. De measte gebouwen wiene makke fan modderstien, stien, koraal en hout. Tradisjonele huzen hiene faak in barjeel, in wynfanger dy't brûkt waard om de wenromten natuerlik te fentilearjen en ôf te kuoljen. It hjoeddeiske Al Fahidi Historical Neighbourhood jout in byld fan dy tradisjonele boustyl.

thumb|right|Khor Dubai mei it âlde stedsgebiet en de moderne bebouwing. De modernisearring ûnder Rashid bin Saeed Yn 1958 waard Rashid bin Saeed Al Maktoum hearsker fan Dûbai. Hy soe de ûntwikkeling fan it emiraat de kommende tritich jier sterk beynfloedzje. Syn belied wie rjochte op it ferbetterjen fan ynfrastruktuer en it ûntwikkeljen fan Dûbai ta in ynternasjonaal hannels- en transportknooppunt.

In wichtich projekt wie it ferdjipjen en ferbreedzjen fan Khor Dubai. Troch de ferbettering fan 'e wetterwei koene gruttere skippen de haven berikke. Dat makke it mooglik om mear guod troch Dûbai te ferfieren en fersterke de posysje fan 'e stêd as hannelshaven.

Ek waarden diken, skoallen, wenwiken en oare foarsjennings oanlein. De modernisearring fan 'e stêd waard foar in part finansierd mei lieningen en ynkomsten út hannel en letter oalje.

De ûntdekking fan oalje Yn 1966 waard oalje fûn yn it gebiet fan Dûbai. Dat wie in kearpunt yn 'e skiednis fan it emiraat. De oaljeproduksje wie folle lytser as dy fan Abu Dhabi, mar de ynkomsten levere de regearing genôch kapitaal om grutte ynvestearrings te dwaan yn ynfrastruktuer. De eksport fan oalje begûn yn 1969.

De oalje-ynkomsten waarden brûkt foar ûnder mear wegen, elektrisiteit, wetterfoarsjenning, sûnenssoarch, ûnderwiis, havenynfrastruktuer en stedsûntwikkeling. Dêrmei waard de basis lein foar de rappe groei fan 'e folgjende desennia.

Oars as yn guon oare Golfsteaten waard oalje net it ienige ekonomyske model. De regearing bleau swier ynvestearjen yn hannel, havens, loftfeart, toerisme en finansjele tsjinsten.

De foarming fan 'e Feriene Arabyske Emiraten Oan 'e ein fan 'e jierren 1960 waard dúdlik dat Grut-Brittanje syn militêre en politike oanwêzigens yn 'e Golf beëinigje soe. De hearskers fan 'e emiraten begûnen dêrom te ûnderhanneljen oer in nije politike gearwurking.

Op 18 febrewaris 1968 moete Zayed bin Sultan Al Nahyan, de hearsker fan Abu Dhabi, Rashid bin Saeed Al Maktoum fan Dûbai by Al Samha. Dat treffen wie in wichtich momint yn 'e ûntwikkeling nei in federaasje. Letter dat jier waard yn Dûbai in konstitúsjonele konferinsje hâlden mei de hearskers fan 'e emiraten en Bahrein en Katar.

Op 2 desimber 1971 waard de Feriene Arabyske Emiraten oprjochte troch Abu Dhabi, Dûbai, Sharjah, Ajman, Umm Al Quwain en Fujairah. Ras Al Khaimah sleat him yn 1972 by de federaasje oan. Dûbai waard ien fan 'e sân emiraten en spile dêrnei in hieltyd wichtiger rol yn 'e nije steat.

De haven fan Jebel Ali In folgjende grutte stap yn 'e ekonomyske ûntwikkeling wie de oanlis fan Jebel Ali Port yn it súdwesten fan 'e stêd. De haven waard ûntwikkele as in djipwetterhaven dy't grutte frachtskippen ûntfange koe.