Duinrell is in fakânsjepark yn Wassenaar, yn de provinsje Súd-Hollân dat oprjochte is yn 1935. Der lizze in bungalowpark en in camping, mar Duinrell is dochs foaral bekend om har attraksjepark mei it byhearrende swimbad it Tikibad.
Duinrell hat in kikkert as maskotte en har reklamekreet is "Duinrell, dêr kikkertst fan op". De maskotte hjit Rick de Kikkert en komt geregeld werom yn de reklames fan it park.
Attraksjes Hjoeddeiske attraksjes Namme IepeneOpm. 100px Aqua Shute 1990Hjirby rûtst in boatsje fan in helling ôf. Underoan stiet op in boerd de snelheid te lêzen. 100px Aqua Swing 1989In sweefmole. Op de grûn steane inkele fonteinen. 100px Botsboatsjes 1983 Giele, reade, griene en blauwe boatsjes. In soarte fariaasje op de bekende botsauto's. 100px Dragonfly 2012 Stielen achtbaan 100pxKarrûssel 1984 In karrûssel út de 19e iuw. 100px Kikkerrad 1992 reuzerêd 100px Kears 2004 Troch in tou kinne besikers harsels op-en-del gean litte 100pxFalcon 2009 In stielen achtbaan 100px Locomotion 2000 In rûnrit yn de styl fan it Wylde Westen. 100pxMad Mill2001Dit is in "frisbee". 100px Monorail 1986 In monorail, wêrby't sels trape wurde moat. 100px Katapults 1999 oant 2022 moast der bybetelle wurde foar dizze attraksje. 100px Rodelbaan 1984In rodelbaan, 100px Schip Ahoi 2004In skommelskip 100px Splash 1992 wetterattraksje dy't yn in iepen en yn in sletten boat mooglik is. Tobbedanser 2024 Teekopkes attraksje 100px Waterspin 1996 Topspin Duinrell Express 2025 De Duinrell Express ferfangt yn 2025 de Minitrein, de ferneamde atraksje út 1977, tema is itselde bleaun. Kikker8chtbaan 2026 De Kikker8chtbaan ferfangt yn 2026 de Kikkerachtbaan, de ferneamde achtbaan út 1985
Ferdwûne attraksje Namme Iepene OfbrútsenOpm. Bumperfrogs 1990 2019 Dit wiene botsauto's. 100px Minitrein 1977 2025 In treinritsje troch in "trollegrot". Ferfongen troch de Duinrell express. 100px Kikkerachtbaan 1985 2025
Rick's Delight Duinrell hie plannen om yn 2007 in nije achtbaan fan de Dútske firma Gerstlauer te iepenjen, mar krige gjin fergunning fan de gemeente. De fergunningsoanfraach foar de Rick's Delight is op 7 maaie 2008 troch de Ried fan Steat ôfwiisd fanwege fouten by ferskate mjittings yn it ûntwerp. Op 7 jannewaris 2009 is it bestimmingsplan dochs goedkard, wat betsjut dat der begûn wurde kin mei de bou fan de achtbaan, wêrnei't de bou útein sette. Op 14 maaie 2009 is de achtbaan iepen gien ûnder de namme: Falcon.
Batflyer De Batflyer wie in hingjende achtbaan (Single Suspended Coaster) mei ien inkele rail en 850 meter lang. De Batflyer wie oplevere yn 1997, mar is yn 2002 sloopt, wylst er nea iepen west hat. De karkes (yn de foarm fan in flearmûs) gienen op sommige punten te hurd, en by de bocht foar it stasjon te stadich, sadat de karkes nea it stasjon berikten. De attraksje waard meardere kearen oanpast, mar koe net foldwaan oan de feilichheidseasken, en is sloopt yn 2002, mei in úteinlike skeapost fan 2 miljoen gûne. De firma fan de achtbaan, Caripro, gie by de bou fallyt.
Der binne wurkjende modellen fan it type Batflyer, mar mei dy yn Duinrell gie it mis, omdat dizze oars wie (mooglik om sa min mooglik beammen kappe te hoegen).
Fan de Batflyer is allinnich noch it stasjon oer, wêryn't no in stasjontsje sit foar in trein en der siet in souvenirwinkel. Yn it stasjon is noch in komplete regelynstallaasje te sjen.
Iten Fan begjin 2009 ôf wurdt de hiele catering yn Duinrell, fersoarge troch La Place. Alle ytgelegenheden yn it park geane fia La Place.
Kategory:Ferdivedaasjepark yn Súd-Hollân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1935 Kategory:Bouwurk út 1935