De flaaksfink (Chloris chloris), ek grienfink of grienling neamd, is in fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae).

Beskriuwing In flaaksfink wurdt likernôch 15 oant 16,5 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 25 oant 28 sm en weaget likernôch 30 gram. It mantsje is oliifgrien fan kleur, benammen op 'e stút. De rêch hat in brunige tint en de ûnderkant is mear gielich. De rânen fan 'e wjukken en de measte sturtfearren binne oan 'e basis heldergiel. De tsjokke snaffel is hast wyt en de poaten binne fleiskleurich. It wyfke is minder yntins fan kleur; hja is mear griisgrien en it giel yn har fearren is folle bleker.

Fersprieding en leefgebiet De fûgel is faak te finen yn parklânskippen mei tichte boskjes of beamgroepen, benammen yn parken, tunen, hagen en ek lâns boskrânen.

De flaaksfink komt benammen foar yn Jeropa en telt tsien ûndersoarten:

C. c. harrisoni: Grut-Brittanje (útsein noardlik Skotlân) en Ierlân. C. c. chloris: fan noardlik Skotlân, noardlik en sintraal Frankryk en Noarwegen oant westlik Sibearje. C. c. muehlei: fan Servje en Montenegro oant Moldaavje], Bulgarije en Grikelân. C. c. aurantiiventris: fan súdlik Spanje oer súdlik Jeropa oant westlik Grikelân. C. c. madaraszi: Korsika en Sardynje. C. c. vanmarli: noardwestlik Spanje, Portegal en noardwestlik Marokko. C. c. voousi: sintraal Marokko en noardlik Algerije. C. c. chlorotica: fan it súdlike part fan Sintraal-Turkije oant noardeastlik Egypte. C. c. bilkevitchi: fan súdlik Oekraïne, de Kaukasus en noardeastlik Turkije oant noardlik Iran en súdwestlik Turkmenistan. C. c. turkestanica: fan súdlik Kazachstan oant Kirgyzje en sintraal Tadzjikistan.

Nederlân De fûgel is talryk yn Nederlân en hat foaral sûnt de jierren 1980 profitearre fan 'e oanlis fan nije stedswiken mei in soad grien. Der briede tsientûzenen pearkes yn Nederlân en de fûgel komt yn it hiele lân foar. Sûnt 2010 binne de oantallen lykwols foars ôfnommen, nei alle gedachten troch trichomonose, in besmetlike ynfeksjesykte. Ek de populaasjes yn oare lannen om ús hinne ha dêr in soad fan te lijen. Winterdeis wurdt de Nederlânske populaasje oanfolle mei flaaksfinken út Skandinaavje en binne de oantallen folle grutter.

Hâlden en dragen It iten bestiet benammen út jonge plantsjes, sied, hjouwer, beien, blêdknoppen en en bytiden ek ynsekten. Winterdeis, as it iten krap wurdt, komme flaaksfinken ek yn it selskip fan oare fûgelsoarten lykas finken, miezen, merels en protters op foerplakken mei sied en sinneblompitten by hûzen ôf. Faak binne se ek by hagen mei ripe kantsjes (roazebottels) te sjen. De piken ite benammen ynsekten lykas blêdlús en oar lyts guod.

It nêst sit yn hagen en strûken of yn grienbliuwende planten. It is makke fan tûkjes, twigen of woarteltsjes en ôfwurke mei hier en fearkes. It lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite oant ljochtblauwe aaien mei readbrune plakjes. It brieden duorret tolve oant fjirtjin dagen. De jongen wurde troch beide âlden fersoarge.

Ofbylden

Status De wrâldpopulaasje en it ferspriedingsgebiet is grut. Der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List klassifisearre.

Keppelings om utens SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd SOVON - Fersprieding en aantalsontwikkeling fan de Flaaksfink yn Nederlân

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Grienfink Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn de Azoaren Kategory:Eksoat yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Eksoat yn Madeara Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Oerûguay