De kersebiter of apelfretter (Coccothraustes coccothraustes) is in fûgelsoarte (taksonomy) út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae)

Namme De namme kersebiter hat de soarte om't de fûgels sa'n sterke snaffel hawwe dat hja in kersepit stikken bite kinne. De kersebiter hjit yn it Frysk ek wol appelfretter of apelfretter.

Beskriuwing thumb|left|Kersebiter yn Portegal. De kersebiter is in foarse finkfûgel mei in dikke kop, in dikke hals en in koarte sturt. It fearrekleed is foar it grutste part readbrún en bêzjebrún mei swarte, wite en grize kleuren. De wjukken binne glânzgjend blauswart, wêrfan't de binnenste slachpinnen mei heakfoarmige blauwe úteinen binne. Yn 'e flecht is in wite streek op 'e hânpinnen te sjen en de sturt hat in brede wite einbân. De snaffel fan it mantsje ferkleuret yn 'e maitiid nei griisswart mei in blaugrize basis. Winterdeis is de snaffel ivoarkleurich of ljocht gielbrún.

It mantsje hat waarmere en rikere kleuren. De kop en de nekke binne faak djipper kastanjebrún en it swarte kielplak is grutter en skerper ôftekene. Dêrnjonken is de blauwe kleur op 'e wjukken opfallender en yntinser. Oer it generaal is it mantsje kontrastriker.

De juvenyl hat in bleekbêzje kop, gjin of hast gjin swart kielplak en in griisgiel boarst mei op 'e búk grutte donkere plakken.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter bestiet út in grut part fan Jeropa en Aazje. Yn it grutste part fan it Jeropeeske ferspriedingsgebiet is de kersebiter in stânfûgel. Hy libbet it leafst yn âlde leafbosken mei in soad ike-, bûke- en iperenbeammen, dêr't de fûgel it grutste part fan 'e dei yn 'e boppeste beamlagen libbet.

Der wurde seis ûndersoarten ûnderskieden:

C. c. coccothraustes: fan Jeropa oant Sintraal-Sibearje en noardlik Mongoalje. C. c. buvryi Cabanis , 1862: Noardwest-Afrika C. c. nigricans Buturlin , 1908: de súdlike Oekraïne, de Kaukasus, noardeastlik Turkije en noardlik Iran C. c. humii Sharpe , 1886: súdlik Kazachstan, eastlik Oezbekistan en noardeastlik Afganistan. C. c. Schulpini Johansen, 1944: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina en Koreä. C. c. japonicus Temminck & Schlegel, 1848: Kamtsjatka, Sachalin, de Koerilen en Japan.

Nederlân Yn Nederlân falt it ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter gear mei dat fan grutte bosken. Bolwurken yn Nederlân binne Twinte, de Achterhoek en dielen fan 'e Feluwe en Limburch. Tusken 1975 en 1995 namen de oantallen yn Nederlân ta. Dêrnei bleau de Nederlânske populaasje stabyl, mar nei 2007 namen de oantallen op in soad plakken fannijs ta. Yn Fryslân komt de kersebiter foaral yn it súdeasten fan 'e provinsje foar.

Hâlden en dragen De fûgel bringt graach in besite oan fruitbeammen en dan benammen kersebeammen. Mei syn krêftige snaffel kreaket er de kersepitten. Dêrnjonken yt de soarte ek ynsekten.

Kersebiters binne tige skou en wach en dreech te observearjen. Se libje in soad yn 'e beamkroan en meitsje in rappe flecht fan 'e ien groep beammen nei de oare. Se binne binne winterdeis ek yn groepen op 'e boaiem te sjen as se nei sied sykje.

De fûgel nêsket heech yn 'e beammen, ticht tsjin de stamme oan en soms yn strewellen. De briedperioade rint fan april oant en mei juny. In lechsel bestiet meastal út fjouwer of fiif aaien, mar dit oantal kin fariearje fan twa oant sân. De kleur kin sterk ferskille. It aai kin in brúnich-giele, griis-griene of ljochtblauwe basiskleur hawwe en hat pears-brúne en ljochtgrize unregelmjittige plakken. Ek de grutte fan it aai kin ferskille. De aaien wurde alve oant trettjin dagen troch it wyfke bebret. De jonge fûgels wurde mei sied en rûpen fuorre. Yn it earstoan bringt it mantsje it iten nei it wyfke op it nêst, dat har jongen fuorret. Letter, as de jongen grutter binne, wurde se troch beide âlden fuorre. Nei tolve oant fjirtjin dagen fleane de jongen út en dan bliuwe se noch teminsten twa wiken yn 'e buert fan it nêst. Ofbylden Status De kersebiter hat in grut ferspriedingsgebiet, de wrâldpopulaasje is grut en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne hat de soarte de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN. Keppelings om utens waarneming.nl — resinte waarnimmings yn Nederlân SoortenBank.nl — beskriuwing, ôfbylden en lûd

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kersebiter Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje