De wylp (Numenius arquata) is in fûgelsoarte yn it skaai út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken thumb|left|Wylp mei iepen wjukken. Mei in lingte fan 50 oant 60 sintimeter en in gewicht fan 450 oant 1500 gram is de wylp de grutste steltrinner fan West-Jeropa. De nei ûnderen bûge snaffel is 9 oant 15 sm lang, dy't by de wyfkes langer is as by de mantsjes. It fearrekleed is ljocht fan kleur mei donkerbrune fertikale strepen oer it hiele lichem. Hy liket op 'e wetterwylp, mar is grutter en hat net folle tekening op 'e kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De wetterwylp hat in donkere eachstreek en in krúnstreek. De lange wjukken binne oan 'e ûnderkant hast wyt. De wetterwylp is 10 sm lytser en hat in snaffel fan 6 oant 9 sm.
It lûd fan de wylp ûnderskiedt him ek fan dat fan 'e wetterwylp. De rop is tige karakteristyk en kin yn 'e moarn- of jûntiid fier drage. It is in mysterieus, jodeljend lûd, mei oanboazjende fluittoanen en lange trillers, klinkend as koer-líe."
Ferskil wylp en wetterwylp.
Fersprieding De wylp briedt fan 'e noardlike helte fan Europa nei Ruslân oant sa fier eastlik as Kazachstan, Mongoalje en Sina. De measten binne trekfûgels, dy't oerwinterje yn Noard-Afrika, Súd-Europa, de Atlantyske kust fan Europa, om 'e Middellânske See hinne, yn Turkije en yn Aazje. Hy bliuwt it hiele jier troch op 'e Britske Eilannen.
De soarte wurdt no meastentiids ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Numenius arquata arquata (Jeropeeske wylp) - de nominaatfoarm briedt yn West-, Noard- en Sintraal-Europa en oerwinteret yn West- en Súd-Europa en yn West-Afrika Numenius arquata orientalis - briedt fan West- en Sintraal-Sibearje oant Mantsjoerije, oerwinteret yn Afrika en Súdeast-Aazje Numenius arquata suschkini - briedt fan West-Kazachstan oant Súdwest-Sibearje, oerwinteret yn Súdwest-Aazje en Subsaharaansk Afrika
Nederlân Yn Nederlân binne wylpen it hiele jier troch te finen. Oant de jierren 1980 briede wylpen yn 'e natuer lykas heide, heechfean en dunen. Al earder keazen hieltiten mear wylpen foar agrarysk gebiet as briedgebiet en sûnt de jierren 1980 briedt de mearderheid fan 'e wylpen op boerelân. De natuergebieten binne de fûgel as briedfûgel kwytrekke. Fûgels dy't yn Nederlân briede, oerwinterje súdliker, bygelyks yn Belgje, Frankryk, Dútslân, Ierlân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn 'e winter hâlde hjir fûgels yn gruttere oantallen ta út Ruslân en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briedt. As briedfûgel komt de wylp it meast yn 'e eastlike dielen fan it lân foar, wylst de fûgel winterdeis in foarkar hat foar it westen fan it lân.
Ekology De wylp is frij skou foar de minske oer. Bûten it briedseizoen om is it in tige sosjale fûgel en wurdt er faak yn groepen sjoen. Hy wurdt faak op hegere dielen fan ikkers en greiden sjoen as in soad oare wilstereftigen. thumb|Nêst. De wylp siket mei syn lange, bûge snaffel nei wringeleaze dieren yn sêfte boaiems. De snaffel wurket treflik om waadwjirms út harren U-foarmige nêsten te heljen. De wylp kin by gelegenheid ek krabben en dauwjirms pakke.
It nêst is ienfâldich en flak oerflak op 'e taiga, greide of in ferlykber plak. In lechsel bestiet yn 'e regel út fjouwer aaien. De aaien wurde yn likernôch in moanne útbret.
De âldste bekende wylp is in wyfke fan 33 jier en 8-9 moannen. De fûgel waard yn 1992 op Brownsea Island ringe en waard noch begjin maart 2026 libben waarnommen. Status Sûnt 2008 kategorisearret de ynternasjonale natuerbeskermingsuny IUCN de soarte as gefoelich (Near Threatened). Nettsjinsteande dat er yn guon gebieten noch gewoan is, nimt de soarte sterk yn oantal ôf. De wrâldpopulaasje waard yn 2016 tusken 835.000 en goed 1,3 miljoen fûgels rûsd, wêrfan't der yn Jeropa nei alle gedachten 212.000–292.000 pear briede.
De wylp stiet sûnt 2017 yn Nederlân op 'e Nederlânske Reade List fan fûgels as kwetsber. Sûnt 1990 is it oantal briedpearen mei mear as de helte sakke. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade List as gefoelich (Near Threatened).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wylp Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Ascension Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn Rodrigues Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren