Ermenonville is in plak en gemeente yn it departemint Oise en de regio Opper-Frankryk sa'n 45 km noardeastlik fan Parys. Ermenonville is ferneamd fanwegen it Jean-Jacques Rousseau-park en de tombe fan Jean-Jacques Rousseau op in eilantsje yn it park.
De gemeente hat in lyts ferdivedaasjepark: la Mer de Sable.
Op 3 maart 1974 kaam Ermenonville yn it nijs om't der in fleanmasine yn 'e omkriten delstoarte, wat doe it slimste fleanmasine-ûngemak ea wie. Alle 346 ynsittenden fan Turkish-Airlines-flecht 981 ferlearen it libben.
Befolking Untjouwing befolking Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009 2011 Ynwennertal 493 528 604 778 782 830 949 979
Ofbylden
Keppelings om utens Château d'Ermenonville website
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk