De N359 is in provinsjale wei yn Fryslân, dy't yn 'e midden fan 'e 20e iuw stadichoan ûntstien is. De wei foarmet in ferbining tusken de N31 súdlik fan Ljouwert oer Boalsert mei de A6 by De Lemmer. By Boalsert hat de wei in oansluting op de A7 yn de rjochting fan De Helder/Amsterdam en Snits/Grins.

De wei is bûten de beboude kom útfiert as autowei mei twa stripen en hat in maksimumfaasje fan 100 km/o.

Yn de gemeente De Waadhoeke hat de wei de namme Westergoawei krigen, yn de gemeente Súdwest-Fryslân Westergoawei, Sudergoawei, Boalserterwei, Jousterperwei en Slaperdyk. Yn de gemeente De Fryske Marren hat de wei de namme Sudergoawei, Suderseewei en Plattedyk.

Keunstwurken Yn de N359 lizze in trije tal keunstwurken:

It Akwadukt Galamadammen ûnder it Johan Frisokanaal súdeastlik fan Koudum. De Prinses Margrietslûs oer it Prinses Margrietkanaal westlik fan De Lemmer. De Lemsterslûs oer de Sylroede yn de binnestêd fan De Lemmer.

Rin thumb|right|150px|Rotonde wêr't de N359 oanslút op de N928 by Balk.

Boksum N31 Hilaard Winsum N384 Frjentsjerter Feart Wommels Boalsert 17 Amsterdam, It Hearrenfean A7/E22 Beabuorren Parregea Warkum Koudum Akwadukt Galamadammen Johan Willem Frisokanaal Rûgehuzen Balk N928 Ie Prinses Margrietslûs Prinses Margrietkanaal De Lemmer 17 Emmeloard, De Jouwer A6

359 Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan Baarderadiel Kategory:Geografy fan Hinnaarderadiel Kategory:Geografy fan Littenseradiel Kategory:Geografy fan De Waadhoeke Kategory:Geografy fan Wûnseradiel Kategory:Geografy fan Boalsert (gemeente) Kategory:Geografy fan Warkum (gemeente) Kategory:Geografy fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân Kategory:Geografy fan Gaasterlân (gemeente) Kategory:Geografy fan Gaasterlân-Sleat Kategory:Geografy fan Lemsterlân Kategory:Geografy fan De Fryske Marren