Poalen (Poalsk: Polska), offisjeel de Republyk Poalen (Rzeczpospolita Polska), is in lân yn Sintraal-Europa oan 'e Eastsee. It lân hat in strategyske lokaasje tusken Dútslân yn it westen en lannen as Oekraïne en Wyt-Ruslân yn it easten. De haadstêd en grutste stêd is Warsjau. Nei in rûzige skiednis fan dielingen en kommunistyske oerhearsking, waard it lân yn 1989 in frije demokrasy. Hjoed-de-dei is Poalen in wichtige lidsteat fan 'e NATO en de Jeropeeske Uny mei in rap ûntwikkeljende ekonomy.

Geografy Lizzing Poalen leit yn it hert fan Sintraal-Europa en hat in oerflak fan 312.696 km². It lân hat in strategyske lokaasje oan 'e Eastsee en grinzet yn it westen oan Dútslân, yn it suden oan Tsjechje en Slowakije, en yn it easten oan Oekraïne, Wyt-Ruslân, Litouwen en de Russyske regio Kaliningrad. De grinzen fan Poalen wurde yn it westen markearre troch de rivieren de Oder (Odra) en de Neisse, yn it suden troch de berchrêgen fan 'e Sudeten en de Karpaten, en yn it noarden troch de 440 kilometer lange kustline fan 'e Eastsee.”

Lânskip thumb|left|Silesyske Beskiden. It lân kin yn grutte linen opdield wurde yn trije geografyske regio's. Yn it noarden leit de leechflakte mei de kuststripe en it Masoeryske marreplato, in gebiet mei mear as twatûzen marren dat bekend stiet om syn tichte bosken en syn oantreklike natoer. De grutste mar is Sniardwymar mei 13,8 km². It sintrale part fan Poalen bestiet benammen út flak oant licht gloaiend heuvellân en foarmet it agraryske hert fan it lân, dat trochsnien wurdt troch wichtige rivieren. Yn it uterste suden lizze de berchtmen fan 'e Karpaten en de Sudeten, mei de Tatra as heechste diel; hjir leit ek de Rysy, dy’t mei 2.499 meter de heechste berch fan Poalen is.

De wetterhúshâlding fan it lân wurdt foaral bepaald troch twa grutte rivieren dy't fan súd nei noard streame en útmûnje yn de Eastsee. De Wisła (ek bekend as Weichsel) is de langste rivier en rint ûnder oare troch stêden as Krakau en Warsjau, wylst de Oder foar in grut part de grins mei Dútslân foarmet.

It klimaat fan Poalen is tuskenbeide kontinintaal, mei kâlde winters dêr't faak snie falt en waarme, meastentiids sinnige simmers. De ynfloed fan it lânklimaat nimt nei it easten ta, wat soarget foar gruttere temperatuerferskillen tusken de seizoenen.

Natoer Poalen hat yn totaal 23 nasjonale parken dy't tegearre likernôch 1% fan it lânflak beslane. Dizze parken beskermje wichtige ekosystemen, lykas de rivierdelta fan 'e Oder, de delling fan 'e Biebrza (it grutste sompegebiet fan Midden-Europa) en de berchgebieten yn it suden. De belangrykste parken binne: thumb|left|Wisent itNasjonaal Park Biebrza (Biebrzański Park Narodowy) yn it noardeasten dat foar in grut part út sompen en feangrûnen bestiet. it Nasjonaal Park Kampinos (Kampinoski Park Narodowy) net fier fan Warsjau. it Nasjonaal Park Bieszczady (Bieszczadzki Park Narodowy) is it grutste park yn 'e bergen (yn it uterste súdeasten). It stiet bekend om de heechlizzende greiden en de rûge natoer. it Nasjonaal Park Słowiński (Słowiński Park Narodowy).

Ien fan 'e meast bysûndere natoergebieten leit yn it easten, op 'e grins mei Wyt-Ruslân: it Białowieża-oerbosk (Nasjonaal Park Białowieski). Dit is it lêste stik fan 'e grutte leechlân-oerbosken dy't ea oer hiel Europa leine. It park stiet op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO en is ferneamd om syn iuwenâlde iken en de grutte wisentpopulaasje (de Jeropeeske bizon). De wisent is it nasjonale symboal fan 'e Poalske natoer en wie yn it wyld hast útstoarn, mar is troch súksesfolle fokprogramma's yn Białowieża weryntrodusearre.

Stêden thumb|Warsjau, mei it kastiel en de katedraal op 'e eftergrûn. thumb||Poznan. thumb|Alde sintrum fan Gdansk. + De 5 grutste stêdekloften fan Poalen stêdekloft provinsje ynwenners (2005) ynwenners (2022/2023)Eurostat Metropolitan Regions, sifers 2022/2023. 1 Katowice (Sileezje) Sileezje 3.487.000 2.443.000* 2 Warsjau (Warszawa) Mazoovje 2.679.000 3.100.844 3 Krakau (Kraków) Lyts Poalen 1.400.000 1.489.102 4 Trójmiasto Pommeren 1.100.000 1.150.342 5 Łódź Lodz 1.300.000 1.042.846 De trijestêd is de stêdekloft fan Gdansk, Sopot en Gdynia. * De sterke daling yn it sifer fan Katowice komt foar in part troch in feroaring yn de statistyske definysje fan de regio troch Eurostat (de saneamde Functional Urban Area), njonken de feitlike krimp yn it Silezysk yndustrygebiet.

+ De 10 grutste stêden fan Poalen stêd ynwenners (2009) ynwenners (31-12-2023)Statistics Poland (GUS) - Population size and structure 2023. 1 Warsjau (Warszawa) 1.711.466 1.861.975 2 Krakau (Kraków) 754.854 804.237 3 Breslau (Wrocław) 632.240 674.132 4 Lodz (Łódź) 744.541 655.279 5 Poznan (Poznań) 556.022 540.146 6 Gdansk (Gdańsk) 455.830 486.492 7 Stettin (Szczecin) 406.427 389.066 8 Bromberch (Bydgoszcz) 358.029 328.370 9 Lublin 350.392 329.566 10 Bjalystok (Białystok) 294.399* 294.242 Katowice stie yn 2009 op it 10e plak (308.724), mar is no út de top 10 sakke; Białystok hat dat plak oernommen.

Skiednis thumb|Poalsk Litouske Uny thumb|thumb|Kaart mei de opskowende grinzen nei de Twadde Wrâldkriich. Om 500 f.Kr. waard it gebiet fan it hjoeddeiske Poalen bewenne troch Germaanske folken. Yn 'e 2e iuw ûntstie in lyts folkeferfarren en begûnen guon folken lykas de Goaten en Fandalen stadichoan yn súdlike en eastlike rjochting wei te lûken. Oan 'e ein fan 'e 5e iuw wennen Slavyske folken yn it gebiet om Poznan en Gniezno. Harren earste foarst wie Miesko I dy't him yn 966 bekearde ta it Kristendom en de ferskillende Slavyske folken tusken de rivieren Oder en Wisla ûnder ien bewâld ferienige. Syn soan Bolesław de Dappere waard ta earste kening kroand, ferstevige de posysje fan 'e jonge steat yn Midden-Europa en wreide it ryk tydlik út nei it easten ta troch de oermastering fan Kiev. It wurd Poalen is ôfkomstich fan it Poalske wurd "Pole", dat fjild of flakte betsjut. Dêrnei stie Poalen bleat oan bûtenlânske oanfallen en ynlânske twisten.

Under Wladislaus de Koarte (Władysław Łokietek) (± 1320) waard de ienheid fan Poalen wersteld. Syn soan Kasimir de Grutte (1313-1370) ferovere dielen fan Galysje en Oekraïne. De jonge keninginne Hedwig (Jadwiga), in omkesizzer fan Kasimir, boaske de Litouske grutfoarst Jogaila (Jagiello). Troch dat houlik ûntstie de Poalsk-Litouwske Uny en berikte Poalen syn grutste útwreiding. Kasimir IV (1447-1492) slagge deryn de macht fan 'e Dútske Oarde te brekken; nei de Tretjinjierrige Oarloch waard de Oardesteat in lienfazal fan 'e Poalske kroan. As gefolch dêrfan waard it westen fan Prusen Poalsk en it easten dêrfan ûnderhearrich oan Poalen.

Yn 1569 waard de Uny fan Lublin ûndertekene, wêrtroch it Poalsk-Litouske Mienebest ûntstie.

Under de keningen Sigismund I en Sigismund II belibbe Poalen yn 'e 16e iuw in kulturele bloeitiid. Ynlânsk rûn de macht fan 'e keningen lykwols tebek. Poalen waard in keninkryk mei in keazen kening. Yn 'e twadde helte fan 'e iuw ûntstie de Poalske lândei, besteande út kening en Senaat. Sûnt 1572 hie de kening gjin macht mear en wie der sprake fan in 'keninklike republyk', mei meastentiids bûtenlânske foarsten as keningen.

Under de Kontrareformaasje ferlear Poalen hieltyd mear lân oan 'e omhinne lizzende steaten Ruslân, Sweden, Prusen en it Osmaanske Ryk. Troch de Poalske dielingen fan 1772, 1793 en 1795 gie de Poalske steat lang-om-let ten ûnder. Napoleon brocht Poalen wer ta libben mei de stifting fan it Gruthartochdom Warsjau (1807-1814), mar nei de Frânske tiid rekke it lân op 'e nij ûnder Russysk, Prusysk en Eastenryksk bewâld. Yn Russysk Poalen brutsen yn 1830 en 1863 opstannen út tsjin it Russifikaasjebelied fan Ruslân. Dy opstannen waarden hurd en bloedich ûnderdrukt.

Nei de Earste Wrâldkriich waard yn 1918 in nij Poalen stifte, dat syn ûnôfhinklikens foar de Sowjet-Uny oer súksesfol ferdigene yn 'e Poalsk-Sovjet-Oarloch fan 1920-1921. Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it lân dield tusken Nazy-Dútslân en de Sowjet-Uny.

De Twadde Wrâldkriich waard in ramp foar Poalen; it lân waard swier troffen en it lân ferlear likernôch seis miljoen boargers, wêrfan de helte fan Joadsk komôf wie. Op it troch de nazy's besette grûngebiet fan Poalen waarden ferskate konsintraasje- en ferneatigingskampen opset, wêrûnder Auschwitz-Birkenau, Treblinka, Sobibor en Majdanek. Dizze plakken waarden troch de Dútske besetter brûkt foar de systematyske útroeging fan 'e Joadske befolking fan Europa (de Holocaust) en foar it fermoardzjen fan hûnderttûzenen Poalske yntellektuelen, fersetsstriders en oare minderheden. Hjoed-de-dei binne in soad fan dizze lokaasjes steatsmusea en monuminten dy't tsjinje as in bliuwende warskôging foar de minskheid.

Nei de oarloch waarden de east- en westgrins nei it westen ta ferskood, mei in grutte twongen folksferhuzing as gefolch. Mear noch as oare lannen dy't troch de Sovjet-Uny op Dútslân ferovere wienen, kaam Poalen ûnder direkte ynfloed fan 'e Sovjet-Uny. thumb|left|Stakingen op 'e Leninwerf yn Gdansk (1980). Yn 1980 kaam it ta stakingen yn Gdansk ûnder lieding fan 'e frije fakbûn Solidariteit mei Lech Wałęsa as lieder. Yn augustus 1989 wûn dit bûn de ferkiezings, de earste frije ferkiezings efter it Izeren Gerdyn. Letter stoarten alle oare kommunistyske rezjyms fan 'e oare Midden- en East-Jeropeeske lannen yn, mei as symboalysk hichtepunt de fal fan 'e Berlynske Muorre.

Sûnt de oprjochting op 24 oktober 1945 is Poalen lid fan 'e Feriene Naasjes. Fan 14 maaie 1955 oant 1991 wie it lân in stiftsjend lid fan it Warsjaupakt, mar nei de fal fan it kommunisme feroare de koers nei it westen ta. Sûnt 1999 is Poalen lid fan 'e Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (NATO) en sûnt 1991 fan 'e Rie fan Jeropa.

Op 1 maaie 2004 waard Poalen lid fan 'e Jeropeeske Uny en sûnt 2007 makket it diel út fan 'e Schengen-sône. Hoewol't it lân ferplichte is om úteinlik de Euro yn te fieren, hat it oant no ta de eigen munt, de złoty, noch. Op regionaal nivo wurket Poalen nau gear mei Tsjechje, Slowakije en Hongarije yn 'e Visegrád-groep.

Demografy Befolking en etnisiteit thumb|Let goatyske houten tsjerke yn 'e Karpaten Haczów It meastepart fan 'e Poalen hat de Poalske nasjonaliteit en is roomsk-katolyk, al is it lân de lêste desennia sekulierder wurden.

Etnyske gearstalling By de folkstelling fan 2002 waarden 36.983.700 Poalen registrearre (96,74% fan de befolking). Yn dy tiid joech mar 1,23% oan in oare nasjonaliteit te hawwen. By de meast resinte folkstelling fan 2021 is dat byld feroare: hoewol't de Poalske identiteit mei 91,1% noch altyd dominant is, binne minderheidsgroepen lykas de Sileezjers (± 596.000), Kasjûben (± 179.000) en Dútsers (± 144.000) dúdliker sichtber wurden. Oare groepen binne Oekraïners, Wyt-Russen en Joaden.

Histoarysk sjoen hie Poalen in grutte joadske mienskip, mar dat feroare nei 1939 troch de Holocaust en de nei-oarlochske grinsferoarings, wêrtroch Poalen ûnder it Kommunisme in hiel homogene steat waard. Sûnt de Russyske ynvaazje yn Oekraïne yn 2022 is de etnyske gearstalling lykwols flink feroare troch de komst fan miljoenen Oekraynske flechtlingen en arbeidsmigranten.

Demografyske ûntwikkeling Yn 'e earste jierren nei de tastreding ta de Jeropeeske Uny (2004) gie it ynwennertal omleech troch grutskalige emigraasje. Yn 2006 waard de befolking op 38.536.869 rûze. In soad jongeren teagen doe fuort nei lannen lykas Grut-Brittanje en Ierlân om de hege wurkleazens (doe 10,5%) te ûntflechtsjen.

Sûnt 2018 is dy trend ombûgd en Poalen is no in ymmigraasjelân wurden. In soad Poalen binne weromkaam út it bûtenlân, wylst de wurkleazens sakke is nei it histoarysk lege perzintaazje fan likernôch 3% yn 2026.

Nettsjinsteande de ymmigraasje stiet it ynwennertal ûnder druk (rûsd op 37.561.599 yn 2026) troch in leech bertesifer en in fergriizgjende befolking.