In brêge is bouwurk dat in fêste of beweegbere ferbining foar ferkear foarmet tusken twa punten dy't skaat wurde troch in rivier, kanaal, kleau, delling, wei, spoar of in oar obstakel dêr't de brêge oerhinne giet. As in brêge oer in spoar of in wei hinne giet, wurdt der yn 'e regel fan in fiadukt sprutsen. In brêge kin ûntwurpen wêze om in ferhurde dyk, spoar, kanaal (kanaalbrêge) of in wetterlieding (akwadukt) te dragen.
In brêge bestiet út 'e boppebou, dêr't it ferkear oerhinne laat wurdt, en de ûnderbou, mei pylders en fundearrings, dy't it gewicht fan sawol brêge as ferkear oerbringt op 'e ûndergrûn. Brêgen oer wetterwegen hawwe faak in beweechber ûnderdiel dat iepen en ticht kin, itsij op en del, itsij fansiden, sadat it oangeande wetter net hielendal ôfsletten rekket foar de skipfeart. Tsjintwurdich binne brêgen yn 'e regel makke fan beton en metaal (benammen stiel). Foarhinne (en noch wol foar bgl. fytsbrêgen) waard gebrûk makke fan lichtere materialen, lykas hout of sels bamboe.
Brêgen binne der yn ferskate foarmen. Sa komme yn Fryslân fan âlds foar: in planke, balke post of hout (de ienfâldichste soarte fan brêge sûnder lining) it heechhout: smelle brêge foar fuotgongers de draai: in draaibere planke mei lining de barte: in losse helpbrêge dy't mei klampen of plankjes byinoar holden wurdt; sûnder lining foar fee of weinen it set: in lânhaad dêr't in pear barten op lein wurde, in ienfâldich brechje wêrfan't it middenstik oan 'e kant skood wurde kin om skippen troch te litten de fonder: in losse helpbrêge de tille: fêste en frij brede en hege brêge mei linings oan wjerskanten de piip: stiennene bôgebrêge, meastentiids yn 'e stêden de post: in âlde namme foar in brechje It ferskaat is yn plaknammen werom te kennen: Balk, Bûtenpost, Stinebarten, Hoptille en Draaisterhuzen.
Kategory:Bouwurk nei soarte Kategory:Ferfier Kategory:Wegeboukunde
new:ज्याभः