It Bretonsk of Bretûnsk (Bretonsk: Brezhoneg) is in Keltyske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt op it skiereilân Bretanje, dat oan 'e westlike kust fan Frankryk útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Hoewol't it taalgebiet him op it fêstelân fan Jeropa befynt, is it gjin fuortsetting fan it Lânkeltyske Gallysk út 'e Romeinske Tiid, sa't faak tocht wurdt, mar in Eilânkeltyske taal dy't yn 'e Iere Midsiuwen troch flechtlingen foar de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje fêstige is yn wat doe Armoarika wie. It Bretonsk is in Brytoanyske taal, dy't it naust besibbe is oan it Kornysk fan Cornwall. It is ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en it Bretonske folk; de oare is it Gallo, dat in Romaanske taal is dy't nau oan it Frânsk besibbe is. It Bretonsk hat as iennichste fan 'e seis noch libbene Keltyske talen gjin formele nasjonale erkenning as minderheidstaal. It tal sprekkers is tebekrûn fan 1 miljoen yn 1950 ta 226.000 yn 2007. De taal wurdt no beskôge as slim yn syn fuortbestean bedrige.
Taalbesibskip It Bretonsk is ien fan 'e Keltyske talen, dy't in subgroep foarmje fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen de Keltyske talen heart it ta de Eilânkeltyske talen, mei û.m. it Welsk fan Wales, it Skotsk-Gaelysk fan noardwestlik Skotlân en it Iersk fan Ierlân. Mei it û.m. it Welsk foarmet it Bretonsk de groep fan 'e Brytoanyske talen. Binnen dy taalkloft is it it naust besibbe oan it Kornysk fan Cornwall, wêrmei't it de groep fan 'e Súdwestbrytoanyske talen foarmet. It is wat minder nau besibbe mei it Welsk en it útstoarne Kumbrysk, dy't tegearre de Westbrytoanyske taalgroep foarmje.
Ut 'e fierte is it Bretonsk ek besibbe mei it Gallysk, in Lânkeltyske taal dy't yn 'e Romeinske Tiid yn Galje sprutsen waard, en ek yn Armoarika (de doetiidske namme foar Bretanje), dat diel útmakke fan Galje. It Gallysk stoar lykwols foar de ein fan 'e sechsde iuw út, om deselde tiid hinne dat lju fan it eilân Grut-Brittanje, dy't op 'e flecht wiene foar de Angelsaksyske ynvaazje, har yn Armoarika nei wenjen setten en dêrmei harren Súdwestbrytoanyske taal nei it fêstelân fan Jeropa oerplanten.
Taalgebiet It taalgebiet fan it Bretonsk hat nea hiel it skiereilân Bretanje omfette; it hie syn grutste omfang yn 'e njoggende iuw, doe't de taalgrins yn it easten fan Mont-Saint-Michel oan 'e kust fan It Kanaal nei Saint-Nazaire oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje rûn. Yn 'e omkriten fan Rennes en Nantes, de haadstêden fan Bretanje, dy't beëasten dy line lizze, hat it Bretonsk nea lânseigen west. Dêr waard fan âlds it Gallo sprutsen, in Romaanske taal fan 'e Oïlyske kloft, dy't nau besibbe is oan it Frânsk. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas it Frysk en it Stedsk of lykas it Skotsk-Gaelysk en it Skotsk.
Fan 'e njoggende iuw ôf hat der sprake west fan in oanhâldende ferskowing fan 'e eastlike taalgrins fan it Bretonsk nei it westen ta, yn it neidiel fan it Bretonsk en yn it foardiel (alteast oant yn 'e njoggentjinde iuw) fan it Gallo. Op 't heden rint dy taalgrins fan Plouha oan noardkust mei in flauwe S-bocht dwers troch Bretanje nei it Rhuys-skiereilân oan 'e súdkust. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdt Neder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige diel Opper-Bretanje hjit.
Skiednis Oarsprong Tsjin 'e ein fan 'e fjirde iuw, doe't de stadige fal fan it Romeinske Ryk al ynset wie, kamen Brittanjers It Kanaal en de Keltyske See oer om har yn Armoarika, it westlike skiereilân fan Galje, nei wenjen te setten. De kolonisten kamen benammen út Cornwall, Devon en Wales, dielen fan it eilân Grut-Brittanje dêr't it it Latyn noch net slagge wie om 'e lânseigen Brytoanyske talen te ferkringen. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen Eilânkeltyske taal mei, dy't yn Armoarika woartelskeat en meitiid it Latyn fan it skiereilân ferdreau.
De krekte skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûnbekend, hoewol't wol dúdlik is dat it barren yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde moat. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpator Magnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e keizerstroan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizer Gratianus (de fijân fan Magnus Maksimus). Dyselde soe troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe wêze.
It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Dêrfoar naam nammentlik in diel fan 'e bewenners fan it súdwesten fan dat eilân de wyk nei feiliger gebiet oersee. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje yn 'e fyfde en sechsde iuw. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal (hoewol Eilânkeltysk ynstee fan Lânkeltysk) op it skiereilân dat neitiid Bretanje kaam te hjitten.
Iere ûntwikkeling Yn 'e Midsiuwen foarme Bretanje earst in fazalsteatsje fan it Frankyske Ryk, dat him yn 851 ûntjoech ta it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje. Dêrút kaam yn 939 it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje fuort, dat oant 1532 bestean soe. It Aldbretonsk is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf. It wie nea de offisjele taal fan it Hartochdom Bretanje, in posysje dy't troch it Latyn ynnommen waard oant dat al yn 'e trettjinde iuw troch it Frânsk ferfongen waard (iuwen earder as dat it Frânsk in offisjele status krige yn it Keninkryk Frankryk). Fan 'e tolfde iuw ôf begûnen de Bretonske adel en de geastlikheid Frânsk te sprekken en waard it Bretonsk de taal fan 'e gewoane man, benammen op it plattelân. Ek yn 'e tiid fan it Midbretonsk, nei't Bretanje yn 1532 troch Frankryk anneksearre wie, feroare der oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk net folle.
Delgong Pas troch de Frânske Revolúsje fan 1789 kaam de posysje fan it Bretonsk as sprektaal fan it miene folk faai te stean. De Revolúsje droech nammentlik njonken de ideälen fan frijheid, gelikensens en bruorskip ek in nije nasjonale filosofy út, dy't hawwe woe dat alle Frânsen ien folk foarmen. Foar etnyske minderheden en minderheidstalen wie yn it nije Frankryk gjin romte mear. Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'e njoggentjinde iuw besocht om fia it ûnderwiis alle sprekkers fan minderheidstalen oergean te litten op it Frânsk. Skoalbern waarden bgl. op 'e skoallen yn Bretanje troch de ûnderwizers swier bestraft as se har memmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'e etnysk Frânske befolking assimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes wurden yn 'e skoallen mei de tekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge. Dit belied hold oant de 1960-er jierren oan.
Hoewol't it útrûgjen net slagge, waard oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk al in swiere slach tabrocht. Mids tweintichste iuw waard it Bretonsk yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen, mar likegoed kaam it der al raar foar te stean om't âldelju de taal net mear oerdroegen oan harren bern. Dy ûntjouwing ûntstie op basis fan 'e mispleatste opfettings dat de bern mear kinne soene mei in Frânsktalige opfieding en dat in Bretonsktalige eftergrûn harren allinne mar behinderje soe by it opbouwen fan in goed libben. Yn 1930 wiene der 1,3 miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene. Yn 1950 wiene der noch 1 miljoen memmetaalsprekkers, fan wa't 100.000 it Frânsk net machtich wiene. Yn 2007 wie it tal memmetaalsprekkers fan it Bretonsk yn Bretanje sakke nei 210.000 minsken.
Weroplibbing Yn 'e 1970-er jierren ûntstie yn reäksje dêrop in taaloplibbing wêrby't pleatslike (mar net de nasjonale) autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen. Fan 1977 ôf waarden der twatalige skoallen iepene, de saneamde Diwanskoallen, dy't troch ûnderdompeling yn in Bretonsktalich fermidden skoalbern de taal wer by besochten te bringen. Dêrnjonken bestiet der in Bretonsktalige literatuer fan skriuwers as Yann-Ber Kalloc'h, Roparz Hemon, Anjela Duval, Pêr-Jakez Helias en Youenn Gwernig. It wichtichste tydskrift yn it Bretonsk is Al Liamm, dat yn 1946 fuortkaam út it eardere Gwalarn. De stripferhalen fan Asterix de Galjer (dy't yn Bretanje spylje) en ferskate oare stripfigueren binne yn in Bretonsktalige oersetting ferskynd, der wie in Bretonsktalige komeedzjesearje, Ken Tuch, op 'e regionale tillefyzje, fan 1998 oant 2019 bestie der in Bretonsktalige radiostjoerder, Radio Kerne, en foar ferskate films, wêrûnder Shakespeare in Love, is in Bretonsktalige neisyngronisearring makke.
Behalven nei it Frânsk besteane der no ek Bretonske oersetwurdboeken nei it Ingelsk, Dútsk, Spaansk, Nederlânsk en Welsk. Yn 1995 ferskynde Geriadur Brezhoneg an Here, it earste wurdboek dat Bretonske wurden yn it Bretonsk beskriuwt. Yn 1999 waard it Ofis Publik ar Brezhoneg ("Iepenbier Buro foar it Bretonsk") troch it regear fan 'e regio Bretanje opset om it gebrûk fan it Bretonsk oan te moedigjen. Yn 'e iere ienentweintichste iuw begûn dy ynstelling de Ya d'ar brezhoneg-kampanje om it deistich gebrûk fan it Bretonsk yn 'e regio Bretanje troch sawol bedriuwen as partikulieren oan te fiterjen. As ûnderdiel fan dy kampanje is besocht om Bretonsktalige paadwizers en oare buorden ophongen te krijen, en Bretonsktalige posters te meitsjen foar eveneminten. Yn maart 2007 tekene it Ofis Publik ar Brezhoneg in oerienkomst fan trije partijen mei de Regionale Ried fan Bretanje en softwaregigant Microsoft foar de ûntwikkeling fan Bretonsktalige kompjûterprogramma's. Yn 2014 foege Facebook it Bretonsk ta as ien fan syn 121 talen nei in kampanje dêrfoar fan it Ofis, dy't trije jier duorre hie.
Taalstatus De iennichste offisjele taal fan 'e Frânske Republyk is it Frânsk. Gjin inkele minderheidstaal genietet boppedat yn Frankryk op nasjonaal nivo erkenning. Dêrmei is it Bretonsk de iennichste Keltyske taal wêrfan't it bestean anno 2020 noch net erkend is. Yn july 2008 waard de tekst fan 'e Frânske Grûnwet oanpast. De sin "De taal fan 'e Republyk is it Frânsk," bleau stean, mar dêr waard kêst 75-1 oan tafoege, dat stelt: "de streektalen hearre ta it erfskip fan Frankryk." Dy tekst is lykwols sa dizenich dat it wol fan alles betsjutte kin, en der waard gjin inkele ferplichting oan taheakke om dat 'erfskip' foar it neislachte te behâlden.
Yn 2004 binne it Bretonsk en it Gallo troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje wol erkend as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Mar dat is winliken inkeld in symboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen.
Tal sprekkers