Rinse Meilsma (Aldegea (Smellingerlân), ±1660 - Boksum, 10 juny 1721) wie predikant en teolooch.
Fan 1681 oant syn dea yn 1721 wie Meilsma dûmny yn Boksum. Hy wie belutsen yn de striid tusken Herman Alexander Röell en Campegius Vitringa. Syn wurk Noodlijdende waarheid ondersteunt (1691), hoewol geunstich beoardiele troch de klassis Ljouwert, waard ferbean en fan Deputearre Steaten fan Fryslân waard er beskrobbe.
Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Persoan berne yn Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Persoan stoarn yn Boksum Kategory:Persoan berne yn 1660 Kategory:Persoan stoarn yn 1721