thumb|Campegius Vitringa sr.troch Piter Tanjé (nei Bernard Accama) Campegius Vitringa sr.Ek wol Kempe Vitringa, de Aldere; de jonge Campegius Vitringa (1693-1723) wie syn fjirde soan. (Ljouwert, 16 maaie 1659 - Frjentsjer, 31 maart 1722) wie in Nederlânske protestantske teolooch en hebraïst. Hy wie in neifolger fan Johannes Cocceius.
Hy studearre oan de universiteiten fan Frjentsjer en Leien, en waard professer yn Easterske talen oan de earste yn 1681. Syn beide haadwurken binne de dissertaasje oer de joadske synagoge, De Synagoga Vetere Libri Tres (Frjentsjer, 1685; 2dl ed. 1696) en syn Kommentaar op Jesaja (Ljouwert, 1714-20), dy't ferskate kearen werprinte binne yn de 18e iuw. It lêste wurk wie oant de tiid fan Gesenius de meast oansjenlike bydrage oan de eksegeze fan it bibelboek Jesaja. Fierders hat er noch Sacrarum Observationum Libri Sex publiseaare (Frjentsjer, 1683-1708).
Vitringa stoar yn maart 1722 yn de âldens fan 62 jier. Syn soan Campegius wie yn 1715 beneamd ta heechlearaar teology oan de universiteit fan Frjentsjer. Hy stoar skraach in jier letter nei syn heit yn jannewaris 1723.
Bibliografy De amore veritas, 1683 Archisynagogus observationibus novis illustratus, Frjentsjer, 1685 Aphorismi, 1688 (njoggen kear ferskynd, fiifris yn it Latyn en fjouwer kear yn it Nederlânsk as Korte stellingen, in welke vervat worden de grondstukken van de christelyke leere) Korte verklaring van het gelove der Algemeene Kerke aangaande de geboorte des Soons, en de tijdelijke doodt der gelovige, 1691 Anakrisis Apokalypsios Joannis Apostoli, 1705 Observatorium sacrae, 1711Verklaring van de evangelische parabolen, Amsterdam, 1715Typus theologiae practcae sive de vita spirituali ejusque affectionibus commentatio, 1716Hypotyposis historiae et chronologiae sacrae, Ljouwert, 1716Korte schets van de christelyke zeden-leere ofte van het geestelyk leven ende desselfs eigenschappen'', 1717
Keppeling om utens Joadske ensiklopedy 908 026.pdf Between Grotius and Cocceius: The 'Theologica Prophetica' of Capeius Vitringa (PDF)
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Hebraïkus Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1659 Kategory:Persoan stoarn yn 1722