thumb|Byld fan Herman Heijermans yn Amsterdam Herman Heijermans (Rotterdam, 3 desimber 1864 - Zandvoort, 22 novimber 1924) wie in Nederlânsk toanielskriuwer. Dêrneist skreau er ek hûnderten ferhaaltsjes (Falklandjes, nei syn skûlnamme Samuel Falkland). In oare skûlnamme fan him wie Koos Habbema.

Libben Heijermans groeide op as âldste soan yn in liberaal joadske hûshâlding fan alve bern. Yn 1893 sette Heijermans útein as toanielresensint by de krekt oprjochte krante De Telegraaf. Hy skreau fûle kritiken en makke dêtroch rillegau in protte fijannen. Hy skreau sels toanielstikken dêr't in grutte sosjale belutsenheid út bliken die. Bygelyks syn Ghetto (1898), oer de nearzige, ortodoksk-joadske sfear fan sjachelders en foddekeaplju, Glück auf! (1911) oer de ôfgryslike ramp yn de myn Radbod yn Westfalen, en it tige ferneamde Op hoop van zegen (1900), oer it swiere, earmoedige libben yn de fiskerij. Yndrukken hjirfoar hie er opdien yn Scheveningen en Katwyk oan See, dêr't inkelde jierren wenne en kunde hie oan de skilder Jan Toorop. De measte fan syn stikken giene yn premiêre by de Nederlânske Toaniel Feriening yn Amsterdam, dêr't Esther de Boer-van Rijk de wichtichste protagoniste wie, foaral as Kniertje yn Op hoop van zegen en as Eva Bonheur. Heijermans wie tige warber yn de sosjalistyske beweging. Yn 1897 wie er lid wurden fan de yn 1894 oprjochte Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en skreau foar dy partij yn 1898 it propagandastik Puntje. Begjin jierren 20 fan de 20e iuw wie Heijermans in skoftke direkteur fan Teater Carré.

Begraffenis Herman Heijermans stoar yn 1924 mei 59 jier yn Zandvoort oan de gefolgen fan kanker. Syn begraffenis, organisearre troch de SDAP, wie yn Amsterdam. Syn populêrens die bliken út it grutte tal belangstellenden de rûte fan de lykkoets bylâns, fan Zandvoort nei Amsterdam: de minsken stiene rigendik.

Der besteane filmbylden fan Heijermans' te hôf bringst; der binne gjin filmbylden bekend fan Heijermans libben.

Bibliografy 1892 - 'n Jodenstreek? 1892 - Trinette 1893 - Ahasverus 1893 - Dora Kremer 1893 - Fleo 1897 - Sabbath 1898 - Diamantstad 1898 - Ghetto 1898 - Het antwoord 1898 - Kamertjeszonde 1898 - Nummer tachtig 1898 - Puntje 1899 - De machien 1899 - De onbekende 1899 - Ego 1899 - Het zevende gebod 1900 - Eén mei 1900 - Het pantser 1901 - Op hoop van zegen 1901 - Ora et labora 1903 - Bloeimaand 1903 - Buren 1903 - Het kamerschut 1903 - Het kind 1903 - In de Jonge Jan 1903 - Schakels 1904 - Kleine verschrikkingen 1904 - Saltimbank 1905 - Allerzielen 1905 - Artikel 188 1905 - Biecht eener schuldige 1905 - De meid 1905 - Interieurs 1906 - Feest 1906 - Kleine vertelsels 1907 - Uitkomst 1907 - Vreemde jacht 1907 - Wat niet kon 1908 - Berliner Skizzenbuch 1908 - De groote vlucht 1908 - De opgaande zon 1908 - Joep's wonderlijke avonturen 1909 - De roode Flibustier 1909 - De schoone slaapster 1910 - Beschuit met muisjes 1910 - Nocturne 1911 - Gevleugelde daden 1911 - Glück auf! 1912 - Duczika 1914 - Brief in den schemer 1914 - De buikspreker 1914 - Een heerenhuis te koop 1914 - Robert, Bertram en Co. 1916 - Dageraad 1916 - Eva Bonheur (ek harkspul) 1917 - De wijze kater 1920 - De vliegende Hollander 1923 - Van ouds `De Morgenster''' 1924 - De moord in de trein 1924 - Droomkoninkje 1925 - VuurvlindertjeIt sammele toanielwurk ferskynde yn trije dielen as Herman Heijermans Toneelwerken (red. G.A. van Oorschot, Simon Carmiggelt, H.A. Gomperts, Anton Koolhaas, H.H.J. de Leeuwe, H.S.F. Heijermans. Utj. G.A. van Oorschot, Amsterdam, 1965)

Literatuer 1927 - Heijermans-herinneringen , F. Hulleman 1934 - Herman Heijermans, novellist, romancier, dramaturg, dr. G. Karsten 1949 - Herman Heijermans door B. Groeneveld 1954 - The dramatic work of Herman Heijermans , Seymour L. Flaxman 1964 - Herman Heijermans. Schrijversprentenboek , G. Borgers e.o. 1965 - Herman Heijermans' laatste levensjaren , Annie Heijermans-Jurgens 1967 - Herman Heijermans , C.A. Schilp 1971 - Met waarachtige zorg. De toneelschrijver Herman Heijermans , E. de Jong 1973 - Mijn vader Herman Heijermans; leven naast roem , Hermine Heijermans 1974 - Samuel Falkland. Schetsen en vertellingen Keazen en ynlaad troch Wim J. Simons 1996 - Geluk. Het leven van Herman Heijermans'', Hans Goedkoop

Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk teaterkritikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1924