Cornelis Pieter (Cor) Bruijn (Wormerfear, 17 maaie 1883 - Hilversum, 6 novimber 1978) wie in Nederlânsk skriuwer fan meast streekromans en berneboeken. Syn bekendste boek is Sil de strandjutter (1940).

Bruijn waard berne te Wormerveer, dêr't syn heit winkelman wie. Bruijn wie de âldste fan tsien bern. Hy gie nei de Rykskweekskoalle yn Haarlim en waard ûnderwizer.

Hy wie yn 1903 belutsen by de oprjochting fan de Humanitêre Skoalle yn Laren, Noard-Hollân, dêr't er fan 1906 oant 1916 haadûnderwizer wie. Yn 1916 rekke er oan 't wurk by Hilfersomske Skoalleferiening. Fan 1942 ôf, doe't er om reden fan ôfnimmende sûnens betiid mei pensjoen gien wie, lei er him hielendal ta op de skriuwerij. Yn 1955 wûn er de priis foar it bêste berneboek fan it jier mei Lasse Länta. Yn 1957 skreau er it skiednisboek Ons Hilversum dat troch de gemeente Hilfertsom oan de skoalbern útdield waard.

By it ferstjerren fan Nynke fan Hichtum skreau Bruijn in gedicht dat er foarlêzen hat by har kremaasje.

Bruijn stoar mei 95 jier yn Hilfertsom. Margreet Bruijn, syn dochter skreau in biografy oer har heit dy't yn 1984 ferskynde.

Koarte bibliografy 1909 - De oorlog (Vertellingen voor oudere kinderen) 1918 - Langs de waterkant (Een half jaar uit het leven van een Hollandse jongen) 1922 - Keteltje in de Lorzie 1923 - Keteltje in het veerhuis 1925 - Het vonkende vuur 1926 - Michiel de Stroper (een verhaal uit de Hessische bergen) 1928 - Rinke Luit, de vrolijke veerman 1930 - Keteltjes thuisvaart 1937 - Koentje van Kattenburg 1940 - Sil de strandjutter 1943 - Arjen 1946 - Wendelmoet 1948 - Vrijheid! 1949 - Ochtendschemering 1952 - Simon en Johannes 1953 - Vlucht naar het eiland 1955 - Lasse Länta (een verhaal uit Lapland) 1958 - Het witte rendier 1960 - De vogels van mijnheer Dupont 1961 - Wijd was mijn land (mijn jeugd aan de Zaan) 1962 - De Vuistslag 1972 - Nils Eira (trije dielen: Toen de boshaan riep, De vlucht naar Kautokeino en Geroofd van het eiland), útj. Van Holkema & Warendorf , Bussum, 1972 1973 - De triomf van Roel de Knoet, útj. Bruna, Utert

Biografy , De man achter Sil. Over Cor Bruijn als idealist, onderwijspionier en schrijver, 1883-1978. De Haach / Wormerveer: Leopold / Utjouwerij Noord-Holland, 1984.

Keppeling om utens Cor Bruijn by de DBNL Folsleine bibliografy en oare ynformaasje Cor Bruijn

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Skylge Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1978