thumb|Arthur van Schendel

Arthur François Emile van Schendel (Batavia (Nederlânsk-Ynje), 5 maart 1874 - Amsterdam, 11 septimber 1946) wie in Nederlânsk skriuwer. Ta syn ferneamdste wurken hearre Een zwerver verliefd, Het fregatschip Johanna Maria, Een Hollands drama en De wereld een dansfeest.

Libben Van Schendel ferlear syn heit, luitenant-kolonel yn it Yndyske leger Charles George Henri François van Schendel, al op jonge jierren. Nei de hbs yn Amsterdam waard er ynearsten oplaat foar it toaniel, dêrnei foar it ûnderwiis. Hy wie dêrnei in skoft dosint yn Ingelân en learaar Ingelsk yn Nederlân. Nei in houlik fan trije jier ferlear Van Schendel syn earste frou; hy troude op 'en nij yn 1908, festige him as literator earst yn Ede en letter yn Sestri Levante, Italië, oant 1945.

Van Schendel bewûndere Gorter. Hy hie in protte freonen yn de literêre wrâld: njonken Gorter wiene dat ûnder oare Willem Witsen, Willem Kloos en Albert Verwey. Letter krige er kunde oan Jan Toorop en Aart van der Leeuw (mei wa't er wiidweiich briefke oer stylkwestjes), Henriette Roland Holst en har man Richard Roland Holst.

It falt op dat Van Schendel syn yn Italië spyljende romans yn Nederlân skreau en de harren yn Nederlân ôfspyljende romans yn Italië .

Yn 1938 waard Van Schendel troch trije heechleararen Nederlânske letterkunde - N.A. Donkersloot, P.N. van Eyck en C.G.N. de Vooys - offisjeel foardroegen foar de Nobelpriis foar de Literatuer.

Nei de befrijing fan Italië gong Van Schendel de strjitte op en krige dêr in harsensblieding. Fan dat stuit ôf wie er foar in part ferlamme. Hy waard nei Nederlân ferfierd, mar bleau omkwakkeljen mei syn sûnens en hy stoar yn 1946 yn Amsterdam.

Arthur van Schendel krige postúm de earste P.C. Hooftpriis (1947) takend foar syn proaza.

Syn soan, ek Arthur F.E. fan Schendel (1910-1979) hjitten, wie haaddirekteur fan it Ryksmuseum Amsterdam; syn pakesizzer, ek in Arthur fan Schendel, wie jierren oanien direkteur fan it Amsterdamske UitBuro en haad Kommunikaasje fan de gemeente Amsterdam.

Prizen 1931 - C.W. van der Hoogtpriis foar Het fregatschip Johanna Maria 1933 - Tollenspriis foar it hiele oeuvre 1947 - P.C. Hooftpriis foar Het oude huis

Bibliografy 1896 - Drogon 1904 - Een zwerver verliefd 1907 - Een zwerver verdwaald 1908 - De schoone jacht 1910 - Shakespeare 1913 - De berg van droomen 1916 - De mensch van Nazareth 1919 - Pandorra 1921 - Der liefde bloesems 1922 - Rose Angélique, de droomers van de liefde 1923 - Angiolino en de lente 1923 - Blanke gestalten 1924 - Oude Italiaansche steden 1925 - Verdichtsel van zomerdagen 1926 - Verlaine 1927 - Maneschijn 1927 - Merona, een edelman 1928 - Fratilamur 1929 - Florentijnsche verhalen 1930 - Het fregatschip Johanna Maria (roman) 1931 - Een eiland in de Zuidzee 1932 - Jan Compagnie 1933 - De waterman 1934 - Herinneringen van een dommen jongen 1935 - Een Hollandsch drama 1936 - De rijke man 1936 - Avonturiers (ferhalebondel) 1937 - De grauwe vogels 1938 - De wereld een dansfeest 1938 - Nachtgedaanten 1939 - Anders en eender 1939 - De zeven tuinen (roman) 1940 - Mijnheer Oberon en Mevrouw 1941 - De menschenhater (roman) 1941 - De fat, de nimf en de nuf (ferhalebondel) 1942 - Een spel der natuur 1942 - De wedergeboorte van Bedelman (ferhalebondel) 1946 - De Nederlanden (gedicht) 1946 - Het oude huis (roman) 1948 - Voorbijgaande schaduwen 1976 - Verzameld werk (1976-1978, 1983)

Oer Arthur van Schendel Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel, Nawoord. Yn: Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel (ed.), Arthur van Schendel, Drie Hollandse romans. De waterman, Een Hollands drama, De grauwe vogels. Amsterdam, 2010, s. 495-552. Beschouwingen over Arthur van Schendel, Amsterdam, 1976 Henk Buurman, Over Een Hollands drama van Arthur van Schendel, Amsterdam, 1979 Henricus Petrus Antonius van Eijk, Mededelingsvormen bij Arthur van Schendel. Een stilistisch onderzoek, Assen, 1965 (proefskrift) G.H. 's-Gravesande, Arthur van Schendel. Zijn leven en werk, Amsterdam, 1949 Jan Greshoff, Arthur van Schendel. Amsterdam, F.W. van Heerikhuizen, Arthur van Schendel. Pessimist tegen wil en dank, Leien, 1969 Frederik Wilhelm van Heerikhuizen, Het werk van Arthur van Schendel. Achtergronden, karakter en ontwikkeling, Amsterdam, 1961 (proefskrift) R. Pulinckx, Arthur van Schendel. Zijn werk en zijn beteekenis, Diest, 1944 L. Turksma, Het goede leven. Het werk van Arthur van Schendel. Een nieuwe analyse met samenvattingen van de inhoud en commentaren, Amersfoart, 1987 Sonja Vanderlinden, De dansende burger. A. van Schendels sociale visie, Louvain-la-Neuve, 1980 (proefskrift) Charles Vergeer, Arthur van Schendel, De Haach, 1983 Charles Vergeer, Gewezen en gemaskerd. Over de jonge Arthur van Schendel, Leien, 1988

Keppeling om utens Biografy yn de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren Ingelsk oer Nederlânske literatuer mei in analyse fan Van Schendel's wichtichste wurk

Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1946