thumb|Lammert Bos Lambert Bos (Warkum, 23 oktober 1670 - Frjentsjer, 6 jannewaris 1717) (of Lambertus Bos of Lammert Bos) wie in Nederlânsk gelearde, kritikus en foarrinner fan Tiberius Hemsterhuis.

Lambert Bos waard berne yn Warkum dêr't syn heit, Jakob Bos, haad fan de skoalle wie. Syn mem wie Gerarda de Haan.https://www.dbnl.org/tekst/molh003nieu04_01/molh003nieu04_01_0364.htm DNBL] Hy waard doopt yn de herfoarme tsjerke fan Warkum op 25 novimber 1670.http://tresoar.nl/freegjesam/as_web.exe?dregio13+D+25127580

Hy gie nei de Universiteit fan Frjentsjer en waard dêr yn 1697 beneamd ta lektor en professor yn 't Gryksk yn 1704. Op 28 febrewaris 1712 troude er mei Feiktje Doeckes Sineda, de widdo fan dûmny Gerradus Horreushoulik mei G Horreus Tresoar Collectie Doop-, Trouw-, Begraaf- en Lidmatenboeken(DTBL) Ondertrouwregister Gerecht Franeker 1677-1700 numer: 246 , en eardere widdo fan Dominic Camper. Nei in libben sûnder opfallende hichte- of djiptepunten stoar er yn Frjentsjer yn 1717.

Bos syn ferneamdste wurk is Ellipses GraecaeEllipses graecae, sive de vocibus, quae in sermone graeco supprimuntur by Google books (1702), en syn Antiquitates Graecae (1714), dy't ferskate edysjes sjen mochten. Bos publisearre ek Vetus Testamentum, Ex Versione lxx. Interpretumv1v2v3v4 Google Books folsleine tekst yn 't Gryksk en Latyn (1709); oantekeningen oer Thomas Magister (1698); Exercitationes Philologicae ad loca nonnulla Novi Foederis (1700); Animadversiones ad Scriptores quosdam Graecos (1715); en twa lytse traktaten oer Accenten en Grykske Syntaxis.

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Frysk publisist Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Warkum Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1670 Kategory:Persoan stoarn yn 1717