Thorstein Eriksson (Þorsteinn Eiríksson) wie in soan fan Erik de Reade en broer fan Leif Eriksson, Thorvald Eriksson en Freydís Eiríksdóttir.
Hy laat mei syn frou Gudrid Thorbjarnardottir in ekspedysje fan sa'n 25 man fan Grienlân nei Amerika, of sa't de Wytsingen it neamden Vínland (Wynlân). De hiele simmer swalken se oer see om úteinlik wêr op Grienlân út te kommen, dêr't Thorstein stoar.
Boarne De Grœnlendinga saga ("Sêge fan de Grienlanners") en Eiríks saga rauða binne Yslânske sêges; se foarmje de haadboarnen dy't de Noardske ûntdekking en koloanisaasje fan Noard-Amerika ferhelje.
De sêge wurdt bewarre yn it let 14e-iuwske Flateyjarbók, dêr't it barren tusken 970 oant 1030 yn beskreaun wurdt. In protte fan it ferhaal is betocht, mar der sil ek histoarysk wiere feiten yn sitte.
Kategory:Yslânsk ûntdekkingsreizger Kategory:Yslânsk Wytsing Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw