thumbnail|right|Riga Riga (Letsk: Rīga) is de haadstêd fan Letlân en is de grutste stêd fan de Baltyske Steaten. Der wenje sa likernôch 700.000 minsken.
Geografy De stêd leit oan de rivier de Dvina oan de Eastsee (Golf fan Riga), 7m boppe seenivo.
Skiednis Riga is yn de lette 12e iuw ûntstien as hannelsstêd mei in grutte Dútske ynfloed. Yn de lette 17e iuw kaam Riga by Sweden, mar yn 1710 kaam Peter de Grutte fan Ruslân en ferovere Riga. Yn de Earste en Twadde Wrâldkriich hawwe de Dútsers Riga beset. Nei de Twadde Wrâldkriich wie Riga oant 1991 in stêd yn de Sowjetuny. Dêrnei waard Letlân ûnôfhinklik en Riga waard de haadstêd.
Befolking De measte lju binne Letsk (45,7%) en 38,3% (2014) is Russysk. Fierders binne der minderheden fan Wyt-Russen, Poalen en Oekraïners.
Histoarysk ynwennertal 1800 - 29.500 1920 - 185.100 1940 - 353.800 1945 - 228.200 1970 - 731.800 1990 - 909.135 2000 - 764.329 2008 - 719.613
Panorama
Keppeling om utens
Hiemside fan de stêd Riga (Letsk, Russysk, Ingelsk, Frânsk
Kategory:Plak yn Letlân Kategory:Haadstêd yn Jeropa Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw