Tsjebbe de Jong (Boalsert, 2 maart 1901 – dêre, 12 jannewaris 1979) wie redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad. Hy wie ien fan de beide haadredakteuren dy't op 16 novimber 1951 foar de plysjerjochter yn Ljouwert ferskine moasten. De Jong waard oanklage foar it misledigjen fan de kantonrjochter fan It Hearrenfean mr. S.R. Wolthers. Wolters hie earder yn de rjochtseal in fertochte de gek oanstutsen dy't Frysk prate foar it gerjocht. De opskuor dy't de rjochtsaak joech waard letter Kneppelfreed neamd.
Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk kranteredakteur Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Frisiast Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1979