Auke Boonemmer (Grou, 8 july 1823 - Hurdegaryp, 27 jannewaris 1894), skûlnamme: Master Abe, wie in ferver en skriuwer fan toanielstikken en foardrachten.

Hy wie in soan fan skoalmaster Wytse Uilkes Boonemmer en Elske Jogchems de Vries. Hy siet op de legere skoalle yn Grou mei û.o. Hjerre Gjerrits van der Veen. Boonemmer siet graach mei de noas yn de boeken, lies Rafaëls Camphuyzen en striidskriften út de tiid fan de reformaasje. Boonemmer liet syn earste stikjes lêze troch T.G. van der Meulen. Dy liet se Harmen Sytstra sjen en dy sette se yn syn tydskrift Iduna. Waling Dykstra krige ek bydragen foar De Husfrjeon.

Ferneamd stik fan Boonemmer is Breidzje. Hy wie ien fan de mannen fan it Winterjûnenocht. Dat die er yn 't earstoan mei de Grouster Jentsje Sytses Sytema (1862-64) en letter mei Waling Dykstra.

Boonemmer stoar yn earmoede en hie te lijen fan efterfolgingswanen.

Wurk Kar-út Baes Flip ketellapper (1860) It oarde boask, toaniel (1865) De jounpraters te Stoppelgea, twa nutsfoarlêzingen In foarlêzing, yn Joh. A. Leopold en L. Leopold, Van de Schelde tot de Weichsel. Diel 3: Friesland. J.B. Wolters, Grins 1882 Bydragen yn tal fan Fryske tydskriften.

Keppeling om utens Auke Boonemmer by de DBNL 'It boask oan 'e dyk' fan A. Boonemmer (Ynternet Argyf)

Kategory:Frysk ferver Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk foardrachtskeunstner Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan stoarn yn Hurdegaryp Kategory:Persoan berne yn 1823 Kategory:Persoan stoarn yn 1894