Piter Sybrands Auckama, mei bynamme De Pincert (Ljouwert, ±1440 - dêre, 1487), wie in Frysk jurist.
Piter wie ien út de eale famylje Ackema en soan fan âldermannen Sybrandt Pieters († 1461). Syn suster Sibbel troude mei Sybeth Sybethsma.
Yn de tiid fan it Bieroproer wie er âlderman yn it Fetkeaperske diel fan Ljouwert. Hy woe tajaan oan de Skieringer easken, mar stoar as ien fan de earsten. It Sint Jobslien soe yn ferbân mei syn dea ynsteld wêze.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Wethâlder fan Ljouwert Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1440 Kategory:Persoan stoarn yn 1487