De Strjitten yn Wynjewâld:
A Ald Duerswâld - Hjir stienen fanâlds alle pleatsen fan it eardere Duerswâld.
B Biskopsreed - Hat nei alle gedachten te krijen mei de tocht fan de biskop fan Munster (Bommen Bearend) dy't yn 1672 opluts tsjin de stêd Grins ( Grinzer ûntset ein augustus). De biskop ferlear, Grins waard ûntset. De tocht fan de biskop gie oer de Biskopsreed. Breeberchspaad - wei nei Breeberchskâns ûnder Donkerbroek (ein 16e iuw ynkertiering fan soldaten) Bremerheide - Bremerheide is in heideplant. Bûtewei - wei bûten de beboude kom.
D Dopheide - Nederlânske namme foar skrobberheide. Duerswâld - nei it eardere doarp Duerswâld (Djurre as jongesnamme komt fan djoer=treflik + wâld, dus 'de bosk fan Djurre'.)
F Finne - in finne is in stik greidlân
G Gentiaan - de Gentiaan (Gentiana) as plantenamme
H Hagerank - heideplant Hege Heide - Heechlizzende heidegrûn (flakby Weinterper Skar)
J Jan Hofswyk - Jan Hof
I It Skjer - it Skar as oandiel yn de mienskiplike greide.
K Kompanjonsfeart - Wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart (kompanjons binne sakefreonen dy't grutte stikken fean yn Opsterlân ûntginne lieten en dêrta in feart grave lieten) Kraalheide - kraalheide is in heidesoarte
L Lyts Grins - nei it buorskip Lyts Grins. Yn de 17e iuw kamen in soad arbeiders út Grinslân en Drinte nei de feanen om It Hearrenfean. Leidyk - Dyk om it fean dy't it wetter fan hegere streken opkeare moat. Loksleane - Bakker Lok wenne eartiids oan dizze strjitte.
M Master Geertswei - nei fersetsstrider Albert Geerts Merkebuorren - eardere strjitte foar merk, no mei in soad winkels Moskouwei - nei buorskip Moskou dat foar Petersburch oer leit. Mûneleane - oan de leane stie earder in mûne
N Nije Heawei - nije heawei nei de healannen. Noormanstrjitte - nei de pleatslike kommandant fan it ferset; is nei de oarloch siik út it konsintraasjekamp komd en dêrnei troch deselde sykte stoarn.
O Opperbuorren - nei it buorskip Opperbuorren, súd fan de haadstrjitte (Weinterp-Merkebuorren), útrinnend op de strjitte Opper Haudmare. Opperhaudmare - Haudmare is in âld wurd foar de namme Opsterlân (Haudmare = haadstream, te witten Ald Djip of Keningsdjip)
P Petersburch - nei it buorskip Petersburch, dat neamd wêze soe nei in Peter of Piter Blauw
R Russchenreed - Oan dizze wei wenne earder in famylje Russchen.
S Stripe - in stripe is in smel stik lân Strûkheide - namme fan in heideplant.
T Te Nijenhuiswei - Klaas te Nijenhuis wie in fersetsstrider. Tjalling Harkeswei - Tjalling Harkes hat syn him ynsetten foar de oanlis fan dizze wei lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart Tolleane - Yn de buert fan dizze wei moat eartiids in tolhûs stien hawwe. Tsjerkereed - tagongswei nei de tsjerke
W Weinterp - nei it eardere doarp Weinterp, in heger lizzend stik lân (terp). Welfingstrjitte - nei fersetsstrider Jan Welfing Wolverlei -
Kategory:Wynjewâld Winjewâld