Clara Hendrika Catharina Clementine Helène Eggink (Utert, 18 april 1906 - Scheveningen, 3 maart 1991), wie in Nederlânsk dichteresse, proazaskriuwster en oersetster.
Libben Eggink brocht har libben troch mei ferskate bekende Nederlânske dichters. Op 4 novimber 1926 troude hja, mar tweintich jier âld, mei de folle âldere J.C. Bloem. Sy krigen in soan, Wim hjitte er. Nei harren skieding yn 1932, gongen sy yn 'e maityd fan 1935 dochs wer byelkoar wenjen, mar boaske Eggink yn dizze sitewaasje dochs mei Jan Campert op 16 septimber 1936. Dat houlik rûn lykwols ek op 'e non.
Ein 1957 reizge Eggink yn Fryslân om, om't hja nei lisplak foar har boat socht. Sy fûn in hûs yn Kalenberg en frege doe Bloem om opnij by har yn te wenjen. Bloem stoar dêr yn 1966, sy hat dêr neitiid noch jierren wenne.
Oer har ferhâlding mei J.C. Bloem hat se de 'bibliografyske skets' Leven met J.C. Bloem skreaun. Clara Eggink leit te hôf yn Paasloo, njonken har eardere man en freon J.C. Bloem.
Bibliografy thumb|Grêf fan Clara Eggink yn Paasloo 1934 - Schaduw en water 1938 - Het schiereiland 1941 - Landinwaarts 1953 - Kleine grapjes van grote mensen 1954 - De rand van de horizon, verzamelde verzen 1960 - De merkwaardige reizen van Henriëtte en Alexandrine Tinne 1961 - Gewoon mensen 1962 - Een Rotterdams kind en andere ontmoetingen 1978 - Leven met J.C. Bloem, Amsterdam: Athenaeum-Polak & Van Gennep 1979 - In Afrika 1980 - Kind 1983 - Verzen - vroeg en laat
Keppeling om utens Clara Eggink by de DBNL
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1991